Fryske GTST-akteur Ferry Doedens op non-aktyf set

03 jun 2020 - 21:47

Akteur Ferry Doedens fan Drachten mei twa wiken net op de set fan Goede Tijden Slechte Tijden komme. Doedens is troch produsint EndemolShine op non-aktyf set, om't hy him yn de ôfrûne wiken net oan de RIVM-maatregels holden hat.

Ferry Doedens - Foto: ANP

Sa hat Doedens dizze wike noch op YouTube sein dat hy al 'acht wiken elkenien oankrûpt'. Neffens Endemol bringt Doedens mei syn gedrach de sûnens fan syn soapkollega's yn gefaar.

Doedens is oansprutsen op syn gedrach, seit in wurdfierster fan EndemolShine. "Ferry heeft aangegeven dat hij zich strikt gaat houden aan de richtlijnen van het RIVM, zodat hij zo spoedig mogelijk de opnames kan hervatten", sa seit sy tsjin Privé TV.

Doedens moast yn 2015 al ris by GTST wei fanwege it brûken fan kokaïne. In jier letter kaam er werom by de RTL-searje.

(advertinsje)
(advertinsje)