PvdA Ljouwert stelt fragen oer soarchsintrum dêr't bewenners net nei bûten meie

03 jun 2020 - 21:32

De PvdA-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert wol fan boargemaster en wethâlders witte oft sy op de hichte binne fan de problemen fan sa'n tweintich bewenners yn soarchsintrum Florastate yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ut in reportaazje fan Omrop Fryslân die bliken dat de bewenners fan soarchgroep Noorderbreedte de dyk net mear op meie fanwege it coronafirus.

De bewenners, tusken de 30 en 60 jier âld, fiele hat dêrtroch opsluten en fan har frijheid berôve.

De PvdA fynt dat de gemeente as opdrachtjouwer foar de WMO-foarsjennings ferantwurdlik is foar de kwaliteit fan de soarch en dus ek foar de konsekwinsjes fan it tapassen fan de RIVM-maatregels. De PvdA wol fan it kolleezje witte oft it wat oan de situaasje fan de bewenners dwaan kin.

(advertinsje)
(advertinsje)