Bewenners ferpleechhuzen meie mei yngong fan 15 juny wer mear as ien besiker ha

Bewenners fan ferpleechhuzen meie mei yngong fan 15 juny wer mear as ien besiker tagelyk ûntfange. Dat seit minister Hugo de Jonge woansdei op in parsekonferinsje oer ferromming fan de coronaregels.
Soarchsintrum De Beuckelaer yn Sint-Anne © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De ien-besikers-regeling jilde oant no ta oant 15 july. Ferskate organisaaasjes klagen oer de regeling. Minister De Jonge hat mei harren praat en lit de strange regel no earder los. Omdat de oanpak fan de fersprieding fan it coronafirus fierhinne ûnder kontrôle is, is ferromming earder mooglik, neffens de minister.
Senioare-organisaasje KBO-PCOB is bliid mei de ferromming fan de coronamaatregel earder as earst it plan wie.
KBO-PCOB: "Dit is een hele zware periode"