It Oranje Hotel yn Ljouwert hâldt op mei it restaurant

It Oranje Hotel yn Ljouwert giet fierder sûnder restaurant. It hotel, dat falt ûnder de Eden Group, wol him rjochtsje op de takomst fan it hotel sels.
© Oranje Hotel
It Oranje Hotel sit sûnt 1879 yn it sintrum fan Ljouwert, oan de Stasjonswei. Neffens direkteur Leon Dijkstra fan de Eden Group docht yn de praktyk bliken dat gasten it faak aardich fine om de stêd yn te gean en dus bûten it hotel te iten. De coronakrisis hat úteinlik it lêste triuwke jûn foar it beslút.
"Als je kijkt naar de geschiedenis van het hotel en alles wat er gebeurd is, dan is het absoluut met pijn in het hart. Ook omdat je met heel veel collega's al jaren lang samenwerkt, maar op een bepaald moment moet je daarin een keus maken, en die keuze hebben we gemaakt", seit Dijkstra.
Der sille sa'n fyftjin arbeidsplakken ferlern gean. Dat soarget fansels foar emoasje ûnder it personiel. "Op het moment dat je uitlegt wat je gaat doen met het hotel, dan is daar enigszins begrip voor als je kijkt naar de crisis. Als je kijkt wat het voor de mensen zelf betekent, dan is dat heel vervelend. Het is een mix van dat het slecht nieuws is voor de mensen die het betreft, en voor een deel begrip voor de keuzes die alle bedrijven in deze moeilijke periode helaas af en toe gedwongen zijn te moeten maken", sa seit Dijkstra.
Direkteur Leon Dijkstra fan de Eden Group