Op fakânsje yn Europa is wer mooglik, reizen dêrbûten wurde ôfret

03 jun 2020 - 19:30

It reisadvys fanwege it coronafirus wurdt fan 15 juny ôf ferromme foar Dútslân, België, Italië, Kroäsië en de Karibyske eilannen dy't by Nederlân hearre. Dêrnei folgje mooglik ek Frankryk, Spanje, Eastenryk en Switserlân. Reizen nei Sweden, it Feriene Keninkryk en Denemarken wurde ôfret. Dat sei premier Rutte woansdei op in parsekonferinsje.

Kampearje yn it bûtenlân mei wer - Foto: ANP

Rutte neamde de reisadvizen foar Dútslân, België, Italië, Kroäsië en de Karibyske eilannen 'giel' en net grien. Dat betsjut dat de fakânsjegongers goed yn de gaten hâlde moatte hoe't de situaasje is. As it misgiet, kin in lân samar wer fan giel nei oranje en read gean.

Fierders moatte de fakânsjegongers harren oan de regels fan it fakânsjelân hâlde, mar as se dêr binne tagelyk ek oan de Nederlânske regels. Dus jûns of nachts nei in club of in kroech mei net.

Flak foar de reis moatte de fakânsjegongers sjen op nederlandwereldwijd.nl oft alles noch wol kin. Nederlân repatriearret net, seit Rutte.

Reizen bûten Europa wurde foarearst ôfret. Alle wiken wurdt besjoen wat der fierder mooglik is en oft der wat ferromme wurde kin of stranger wurde moat.

(advertinsje)
(advertinsje)