Linksbûten Derguti nei haadklasser Bûtenpost

Linkeroanfaller Erolind Derguti spilet takom seizoen foar VV Bûtenpost. De 27-jierrrige Grinslanner komt oer fan Oranje Nassau. Sy spylje yn de earste klasse. Derguti is net in ûnbekende yn it Fryske amateurfuotbal. Hy spile earder ek foar Harkemase Boys en Snits Wyt Swart.
Erolind Derguti nei VV Bûtenpost © foto Paul Loonstra
'De Blaukes' nimme ôfskie fan in grut tal spilers mei in soad ûnderfining. Sa ferruilet Rudmer Loonstra Bûtenpost foar Be Quick Dokkum, wol Rob Dijkstra in nivo leger fuotbalje en spylje ek Jelmer Vos, Aaron Broekhout en Hessel Huisman takom seizoen net mear by de ploech fan trainer Jasper Bouma.