Politike druk op KNSB en NOC*NSF nimt ta no't se ekstra jild foar Thialf wegerje

03 jun 2020 - 18:13

Sportkoepel NOC*NSF en reedrydbûn KNSB sille foarearst gjin ekstra jild ynvestearje yn Thialf. Dat seine de direkteuren fan beide sportbûnen yn in digitale gearkomste, organisearre troch de Fryske Steatefraksjes fan PvdA, FNP en 50PLUS. Steateleden fine dat de sportorganisaasjes har ferantwurdlikheid nimme moatte.

Der kamen ferskate partijen oan it wurd yn in saneamde 'ekspertmeeting' oer Thialf. Njonken NOC*NSF en de KNSB wiene dat ek Topsport Noord, Thialf-direkteur Marc Winters, sportmarketeer Frank van den Wall Bake en de LAgroup. Dy lêste partij hat in healjier lyn in advys skreaun oer de eksploitaasje fan de iishal.

"Gouden medailles combineren met zwarte cijfers is een illusie"

Direkteur Herman de Haan fan de KNSB liet yn de gearkomste witte dat it reedrydbûn net mear ynvestearje kin yn Thialf. Troch de coronakrisis is de KNSB in nije haadsponsor misrûn en dat betsjut dat it bûn sels ek behoarlik besunigje moat.

NOC*NSF-direkteur Maurits Hendriks seit dat syn organisaasje de lêste tsien jier de ynvestearring yn Thialf ferfiiffâldige hat. "Maar gouden medailles combineren met zwarte cijfers is een illusie", sa tinkt Hendriks. Hy wol wol meitinke mei de KNSB en Thialf, sadat alle partijen mooglik mear op ien line komme.

Thialf - Foto: ANP

De PvdA is ien fan de organisatoren fan de digitale gearkomste. Steatelid Jaap Stalenburg is nei ôfrin teloarsteld. "Het heeft niet opgeleverd wat we hadden gehoopt."

Yn it foar wie der de hoop dat NOC*NSF en de KNSB mear betelje soene, mar dat is net it gefal. "Van die kant was het antwoord gewoon nee. Dat is teleurstellend. Thialf is het centrum waar Nederlandse Olympisch kampioenen worden opgeleid. Als rijksinstelling moet je er ook veel meer financiële betrokkenheid bij willen tonen."

Steatelid Aebe Aalberts fan it CDA, de grutste partij yn Provinsjale Steaten, wie ek wol wat teloarsteld. "De diskusje waard in welles-nietes-ferhaal oer de tariven fan de beide partijen. Dat is hielendal net yn it belang fan Thialf."

"Der leit in rapport fan in ekstern bedriuw, dat seit dat Thialf tariven hantearret dy't tsjin kostpriis binne en net marktkonfoarm, mar dochs wolle de KNSB en NOC*NSF nett mear betelje."

Fyftich miljoen

Oer twa wiken praat Provinsjale Steaten oer it herstelplan fan Thialf. By de fernijbou hat de provinsje fyftich miljoen ynvestearre yn de iishal, plus noch ris seis miljoen om oandielhâlder te wurden. No moat de provinsje op 'e nij twa miljoen euro op it kleed lizze.

It hâldt in kear op, fynt Stalenburg fan de PvdA. "Dat punt komt wel dichterbij, helemaal als andere partijen blijven wegkijken bij de problemen. Friesland kan het niet alleen doen. Nu moeten andere partijen ook hun verantwoordelijkheid nemen."

CDA-steatelid Aalbers slút him dêr by oan. "Ik fyn wol dat we fanút de polityk in hurder sinjaal jaan kinne. Sa fan: Der is wol in maksimum oan wat wy bydrage kinne. Wy hawwe ús ding al behoarlik dien, moat ik sizze. Dêrom haw ik hjoed ek sein: nim jim ferantwurdlikheid en gean meiinoar om tafel", seit Aalbers.

Syn partij ropt de deputearre om yn petear te gean mei it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport om dêr ekstra finansiering wei te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)