Stasjon Snits moat opknapbeurt krije: mear plak foar fytsen en beammen

It stasjonsgebiet fan Snits krijt de kommende jierren in metamorfoaze, as it oan ProRail, de provinsje en it kolleezje fan Súdwest-Fryslân leit. It gebiet is rommelich, net mear fan dizze tiid en net feilich, seit wethâlder Maarten Offinga. "Reden om het gebied op de schop te nemen."
It stasjon fan Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Al jierren is it stasjonsgebiet ûnderwerp fan diskusje en al jierren wolle boargemaster en wethâlders der wat oan dwaan. Offinga: "Het gebied is een knooppunt waar wegen, treinen, bussen en publiek elkaar intensief kruisen. Denk alleen al aan de vele scholieren en het forensenverkeer."

Gruttere fytsestalling en mear grien

No wol ProRail oan de linkerkant fan it stasjonsgebou in fytsestalling opknappe en útwreidzje. De provinsje wol it busstasjon opnij ynrjochtsje en tagonkliker meitsje. En de gemeente Súdwest-Fryslân wol grut ûnderhâld dwaan en it hiele gebiet in bettere útstrieling jaan. Sa moat it gebiet folle griener wurde, mei beammen.
De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân moat noch wol te set oer de plannen. As dy it dermei iens binne, kin it wurk yn 2021 begjinne. It provinsjebestjoer moat ek noch in definitive klap op de plannen jaan, dat bart nei alle gedachten noch foar de simmer.

Prate mei omwenners

Súdwest-Fryslân hat al mei omwenners fan it stasjonsgebiet praat en bliuwt dat ek dwaan. Offinga: "Als omwonenden verbeterpunten hebben, dan kunnen we die nog meenemen. We vinden hun input belangrijk."