Undernimmers yn Harns hawwe grutte soargen oer ferbreding slûs Koarnwertersân

Undernimmers yn Harns binne bliid mei de plannen om de slûs by Koarnwertersân te ferbreedzjen, mar se ha ek soargen. Se binne bang dat de brede slûs by Koarnwertersân in badkûp wurdt, goed op djipte, mar dat grutte boaten der net komme kinne, omdat de fargeul De Boontjes tusken Harns en Koarnwertersân net djip genôch is.
In sylskip op De Boontjes tusken Koarnwertersân en Harns © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De Harnzer havenbedriuwen pleitsje derfoar it wetter De Boontjes tusken Harns en Koarnwertersân oan te merken as in 'haadfarwei'. "Voor ons zijn De Boontjes hartstikke belangrijk", seit Sander Alberda, út namme fan de bedriuwen. "Het is de weg naar ons achterland. Naar het IJsselmeer, en alle binnenhavens."
De Harnzers binne foaral benaud foar it senario dat by de oplevering fan de slûs wol in fargeul op djipte nei Den Helder leit, mar net ien nei Harns. As dat barre soe, sjit Harns hielendal neat op mei in bredere slûs.
De bedriuwen binne der ek bang foar dat de slûs ûnder de ferbouwing moannenlang ticht wêze sil. Undernimmers ha de yndruk dat dat probleem ûnderskat wurdt, sizze se. Dêrom wolle se dat de ôfsluting net langer as in pear wiken duorret, en dat it ûntwerp fan de slûs dêrop oanpast wurdt as dat nedich is.
"Omvaren over Den Oever is voor veel binnenvaartschippers echt geen optie", seit Sander Alberda. "Een binnenvaartschipper vindt de tocht van Kornwerderzand naar Harlingen al lang genoeg."
De slûs fan Koarnwertersân © Omrop Fryslân
Yn in digitale steatekommisje oer de slûs fan Koarnwertersân hiene Provinsjale Steaten wiidweidich omtinken foar De Boontjes. Dat is boppe ferwachting, seit Alberda. "Ik ben best wel tevreden. Vooraf dacht ik dat er vooral gesproken ging worden over de sluis en de bruggen. In de stukken wordt De Boontjes helemaal niet genoemd."
Deputearre Avine Fokkens hat sein dat se de Boontjes ek belangryk fynt, en dat se in eventuele ferdjipping wol foarsjitte wol, as Rykswettersteat op termyn mar oer de brêge komt mei jild. Alberda is bliid mei de oandacht foar De Boontjes. "Dat er iets moet gebeuren, is duidelijk. Maar een echte toezegging heeft ze niet gedaan."
Ferslachjouwer Onno Falkena
De Harnzer ûndernimmers binne de lêste tiid wat aktiver oan it lobbyen foar de belangen fan de haven, want se fine dat benammen Den Haag Harns gau oer de holle sjocht. Yn de lêste nota fan Ekonomyske Saken oer de Nederlânske seehaven komt Harns hielendal net foar.
Sander Alberda kin dêr net by. "Onbeschrijfelijk", neamt er dizze flater fan de ryksoerheid. "Minister Wiebes moet maar gauw eens komen kijken naar de grote mogelijkheden van deze haven."
Undernimmer Paul Rinsma fynt ek dat it belang fan Harns gau ûnderskat wurdt. "Harns is in echt logistyk knooppunt mei in aktive seehaven en goede ferbiningen mei it achterlân oer it Van Harinxmakanaal en ek mei fjouwerbaans-autodiken. De foardielen dêrfan kinne folle mear benut wurde. We binne miskien net sa grut as guon oare havens, mar in echte seehaven binne we wol."
Paul Rinsma (HOV Harns) en Sander Alberda (Nesta Shipping)