Drachtster krijt ek yn heger berop 20 moanne sel foar gewelddiedige ferkrêfting

In man fan 26 jier út Drachten is yn heger berop feroardiele ta 30 moanne selstraf foar in gewelddiedige ferkrêfting fan in frou yn har eigen wenning yn Drachten, yn maaie ferline jier. Fan de 30 moanne binne 10 ûnder betingst. De straf is itselde as it fûnis fan de rjochtbank foarich jier.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man woe de frou oankrûpe. Doe't it slachtoffer dat net woe, waard se by de kiel grypt. De frou rekke dêrby út 'e tiid. Foardat de man de klean fan de frou út die, drige er har eagen út te stekken en te fermoardzjen, as se mei ien prate soe. De frou wie deadsbenaud.
Nei't se ferkrêfte wie, belle de frou oan by in buorfrou. Dy sei dat se oanjefte dwaan moast. Krekt as de rjochtbank bepaalde it Hôf dat de Drachtster gjin kontakt mei de frou opnimme mei en dat er net by har yn de strjitte komme mei.
De man komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring en hy moat him behannelje litte by de GGZ.