Plysje docht ynfal yn wente Ljouwert; man (69) oppakt foar drugshannel

De plysje hat tiisdeitemoarn in ynfal dien yn in wente oan de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert. Dêrby waarden mear as in kilo speed en 275 pillen oantroffen.
© Politie Leeuwarden
De drugs binne yn beslach naam. In 69-jierrige fertochte fan Ljouwert is oanhâlden. Hy is yntusken yn fersekering steld. Minsken dy't mear witte oer de saak kinne dat trochjaan fia 0900 8844 of anonym fia 0800-0700.