"Bij een gouden medaille juicht heel Nederland, maar Fryslân betaalt de rekening"

As der net mear jild komt foar Thialf, dan moatte de ambysjes fan it iisstadion nei ûnderen bysteld wurde. Dat seit Steatelid Jaap Stalenburg (PvdA) foarôfgeand oan in byienkomst mei saakkundigen.
Ireen Wüst wint in gouden medalje © ANP
Neffens Stalenburg moatte de provinsje en de gemeente Hearrenfean stipe krije fan it Ryk om Thialf oerein te hâlden.
Yn in digitale gearkomste prate leden fan de Steaten no mei NOC*NSF-direkteur Maurits Hendriks, marketeer Frank van den Wall Bake en fertsjintwurdigers fan reedridersbûn KNSB en Topsport Noord oer de takomst fan Thialf.

'Genoeg is genoeg'

"Thialf is één van de beste topsportcentra van Nederland, en daar moet een prijs voor worden betaald", seit Stalenburg. "Dat kan niet alleen maar bij de inwoners van Fryslân worden gelegd. De kosten lopen per jaar op tot enorme bedragen. Genoeg is genoeg."
Yn it ferline stuts de provinsje 53 miljoen euro yn de fernijbou fan it iisstadion. Koartlyn kaam dêr noch in rêdingskredyt fan 2 miljoen euro by, wylst ek de gemeente Hearrenfean hast 1 miljoen euro oermakke. Dizze wike waard dúdlik dat der in nije skeapost driget, no't de fersekerder easket dat de sinnepanielen fan it dak ôf geane. "Daar kun je niemand de schuld van geven, maar het komt er wel weer bij."

"We geven al miljoenen aan Thialf"

Binnen de fraksje fan de PvdA is dêr ek diskusje oer, seit Stalenburg. "We geven miljoenen aan Thialf, en niet voor het eerst, terwijl er er nu met de coronacrisis ook mensen in de provincie zijn die moeten vechten om overeind te blijven."
Stalenburg neamt it "onevenwichtig" dat der fanút Fryslân safolle jild nei it iisstadion giet, wylst it in lanlike topsportfunksje hat. "Bij een gouden medaille juicht heel Nederland, maar Fryslân betaalt de rekening."
As der gijn jild by komt, moat Thialf werom yn ambysjenivo, seit Stalenburg. "Dan kan het niet meer het ijstopsportcentrum van de wereld zijn. Dat is waar de Nederlandse toppers bang voor zijn."
Oer twa wiken wurdt yn de Steaten debattearre oer de takomst fan Thialf.