Lanlik akkoart oer nije regels oer opfang seehûnen

03 jun 2020 - 10:59

Der is in lanlik akkoart sletten oer de opfang fan seehûnen, sa hat it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit woansdei bekend makke. De opfang wurdt fierder profesjonalisearre troch de ynset fan saneamde seehûnewachters. En der binne betingsten steld oan wannear't je in seehûn wol opfange en wannear net.

Foto: Zeehondencentrum Pieterburen

Fierder komt der in meldpunt dêr't je hinne belje kinne as je tinke in seehûn yn problemen te sjen. In seehûnewachter besjocht dat dan en beslút oft it bist opfongen wurde moat. De nije oanpak set woansdei ek útein.

De ynset is om seehûnen safolle mooglik mei rêst te litten. Earder wie der wol skeel tusken de ferskate seehûneopfangen oer hoefier't je dêryn gean moatte. Dêrom is der no in saneamd 'Handelingskader' opsteld op basis fan wittenskiplik advys.

Oplieding

Mooglik sike seehûnen of jonge seehûnen wurde yn de measte gefallen 24 oeren lang observearre foar't der in beslút oer opfang naam wurdt. De seehûnewachters dy't dat dwaan sille, wurde dêrfoar oplaat. Dy oplieding wurdt noch opsetten.

Sa krije jonge seehûnen langer tiid om fûn te wurden troch harren mem en sike seehûnen de kâns om te herstellen yn de eigen omjouwing. Foar de oplieding, it ûndersyk en de kommunikaasje is 1,2 miljoen euro beskikber.

Grize seehûn mei jong op Skylge. - Foto: Remco de Vries

It akkoart is der kaam ûnder lieding fan boargemaster Tineke Schokker fan Flylân en is dizze woansdei op in online gearkomste ûndertekene troch lânbouminister Schouten, deputearre Staghouwer fan Grinslân út namme fan de kustprovinsjes, de seehûnesintra, de frijwilligersorganisaasjes en de gemeenten.

Boppedat wurdt it stipe troch Steatsboskbehear, de Coalitie Wadden Natuurlijk dy't de natuerbehearders fertsjintwurdiget, stichting Het Zeeuwse Landschap en Stichting DierenLot.

It giet goed mei de seehûn

Minister Schouten: "Ik ben blij dat de zeehondencentra en vrijwilligersorganisaties onder begeleiding van burgemeester Schokker dit breed gedragen akkoord hebben afgesloten. Het gaat goed met de zeehond in het Nederlandse kustgebied. De populatie is gegroeid van zo'n 500 in 1980 naar 15.000. Een succes waar we trots op mogen zijn en waar we op voort kunnen bouwen. Met het nieuwe akkoord krijgen zeehonden meer ruimte om hun natuurlijke gedrag te vertonen. Dat moedig ik aan."

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Burgermeester Schokker: "Ik wil vooral de zeehondencentra en vrijwilligersorganisaties bedanken dat ze zich zo voor deze nieuwe aanpak hebben ingezet en dat er vertrouwen is samen verder te gaan. Nu is het belangrijk dat de toeristen en strandgangers ook gaan begrijpen dat gestrande zeehonden vaak het beste met rust gelaten kunnen worden. De boodschap is: zie je een zeehond in problemen? Bel de zeehondenwachter."

De seehûnesintra dy't it akkoart ûndertekenje, binne Stichting A Seal, Centrum voor Zeezoogdierenzorg, Stichting Texels Museum (Ecomare), Stichting Zeehondencentrum Pieterburen, Stichting Zeehondenopvang Eemsdelta, Stichting Zeehondenopvang Terschelling, Stichting Eerste Hulp bij Zeehonden en Stichting Reddingsteam Zeedieren Nederland.

Grutste part seehûnen libbet yn Waadsee

Yn Nederlân binne der no likernôch 11.000 seehûnen. 90 persint dêrfan libbet yn de Waadsee. Dan giet it om de gewoane en de grize seehûn. Der is sprake fan in sûne en stabile populaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)