Thialf hie gjin kar: "We kunnen het risico ook niet zelf dragen"

03 jun 2020 - 10:39

De direkteur fan Thialf hie net fuortendaliks yn de gaten dat it sa slim wie, doe't de brânfersekering opsein waard. Hy tocht dat it te krijen hie mei in premyferheging.

Foto: ANP

"We werden begin maart geconfronteerd met de eenzijdige opzegging van onze brandverzekeraar. Die zei dat de schadestatistieken slechter werden. We dachten dat het ging om een premieverhoging, maar een paar weken later pakte dat anders uit", seit Thialf-direkteur Marc Winters.

Tûzenen sinnepanielen op it dak fan Thialf steane yntusken út, omdat de fersekering oars yn gefal fan brân net útkeare wol. Trochtdat it iisstadion no ekstern enerzjy ynkeapje moat, soarget dat foar in skea fan 125.000 euro yn it jier. En in nije fersekering sil ek djoerder wurde.

'Hûnderten gefallen fan skea mei sinnepanielen'

It komt as in folsleine ferrassing foar Thialf, seit Winters. It iisstadion is in pear jier lyn hielendal fernijd. Dêrnei gong de fersekeringspremy behoarlik omleech. "De voorwaarden zijn nu aangepast."

"Je ziet dat het verzekeren van zonnepanelen de laatste twee jaar echt problematisch wordt. We hebben dat bij vele verzekeraars gecheckt", seit Winters. "Sommigen melden honderden schadegevallen bij dit soort panelen. Daarom worden de verzekeraars steeds defensiever bij dit soort panden."

Neffens Winters sit it probleem yn de kombinaasje fan dakbedekking en sinnepanielen. "Daar willen verzekeraars zich niet aan branden."

It fersekerjen fan in iisstadion is oars as it fersekerjen fan in hûs, seit Winters. "Dat gebeurt via een internationale verzekeringsbeurs, net als bij luchthavens, voetbalstadions, fabrieken en dergelijke. Verzekeraars schrijven zich in en bepalen een percentage. Bij een normale polis stopte dat bij 25 procent. Dan moet je dus driekwart van het risico zelf betalen.

Der wie mar ien fersekerder dy't it mei Thialf oandoarde, seit Winters, mar dan moasten de sinnepanielen wol útset wurde. It koe dus net oars. "We kunnen het risico ook niet zelf dragen."

As der foar ien oktober gjin oare oplossing komt, moat it iisstadion de panielen hielendal fan it dak ôfhelje. "Alles is er nu op gericht om ervoor te zorgen dat dat niet nodig is."

Sinnepanielen op it dak fan Thialf - Foto: CAMJO Media
(advertinsje)
(advertinsje)