Plysje pakt Snitser op dy't fertocht wurdt fan tsientallen cybercrimesaken

03 jun 2020 - 10:19

De plysje hat in man fan 23 jier út Snits oanholden. Hy wurdt derfan fertocht dat er tsientallen minsken oplichte hat. Dêrby hat er tsientûzenen euro's bútmakke. De resjerzje ûndersiket de belutsenens fan de man by yn totaal fjirtich saken.

Foto: Politie.nl

Mei guon slachtoffers kaam de man yn kontakt op social media. Hy sei se ta dat se gau jild fertsjinje koene, bygelyks troch mei te dwaan oan in 'crypto mining machine'. "Dat is op basis van rekenkracht van sterke computers cryptovaluta genereren", leit Jamal Bedijn fan de plysje Noard-Nederlân út.

De fertochte sei dat de minsken him dêrfoar jild jaan moasten en dat se dan in soad jild fertsjinje koene. Se moasten dan wol de bankgegevens en de bankpas trochjaan. De fertochte krige sa tagong ta ferskate bankrekkens. Bedijn: "Hij ging zo te werk dat hij geloofwaardige accounts maakte met heel veel posts waarin mensen te zien waren die hiermee succes hadden behaald. Dus als mensen daarnaar kijken, kunnen ze denken: dit is geloofwaardig."

"Kijk nog een stapje kritischer"

De slachtoffers seagen dêrnei it jild fan har rekken ferdwinen, wêrnei't se oanjefte dien ha. De rekkens binne ek brûkt om jild fan oare slachtoffers op stoarte te litten. It giet dêrby om it jild fan transaksjes op Marktplaats, wêrby't de fertochte it ferkochte guod net levere. "Het is belangrijk dat mensen nog beter opletten of iets legitiem is. Kijk nog een stapje kritischer, want je kunt er alsnog intrappen", leit Bedijn út. "Geef nooit toegang tot je bankgegevens. Dat kan alleen maar fout gaan."

Twa wiken lyn ek al

Twa wiken lyn waard yn in oare saak 21-jierrige ynwenner fan Grinslân oanhâlden as fertochte fan ferskate cybermisdriuwen. Hy kaam ûnder oare nei foaren út it ûndersyk nei de oplichting fan in Fryske ûndernimmer. Dy die ôfrûne jier oanjefte om't yn ien dei in miljoen euro fan syn bankrekken stellen wie. It giet om it grutste ûndersyk nei bankoplichting ea.

Jamal Bedijn fan de plysje oer de saak

(advertinsje)
(advertinsje)