BFVW: kampanje tsjin katten yn it lân docht fertuten

Der binne nachts minder katten yn it lân, fernimt it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW). Dat der minder katten binne, is goed foar de pykjes fan greidefûgels, dy't mear kâns op oerlibjen ha. "Us kampanje kuikens in het land, poes in de mand slacht oan", seit Age de Jong fan it BFVW. "Eigeners hâlde harren húsdier nachts mear binnen."
Aktearkat Gurbe en pykjes fan greidefûgels © BFVW
It BFVW begûn yn april mei in kampanje, yn gearwurking mei natuerorganisaasjes, agraryske kollektiven en de provinsje Fryslân. Mei filmkes roppe se kattebesitters op om de katten yn it greidefûgelseizoen - oant en mei juny - nachts binnen te hâlden. Doel is dat minder pykjes fan greidefûgels it slachtoffer wurde fan jeiende katten.

"Underwerp libbet enoarm"

"Dat de kampanje effekt hat, is waar te nimmen yn it fjild", seit De Jong. "Wy sjogge ek oan it tal views op YouTube en de belutsenheid op Facebook dat it ûnderwerp enoarm libbet." It filmke mei Emiel Stoffers (sjonger fan De Hûnekop) en kat Gurbe is hast 60.000 kear besjoen op YouTube.

Mear gefaren

Katten binne net it iennichste gefaar foar de greidefûgelpykjes. Der binne ek oare predatoaren en de drûchte is ek in probleem. Mar katten jeie wol út har ynstinkt op de pykjes, seit De Jong. "Gelokkich sjogge in soad kattebesitters dat no ek en gripe sy yn. Kompliminten dêrfoar."
It kampanjefilmke: