Kollum: "Twivels"

03 jun 2020 - 08:30

"Somtiden ha je twivels oer saken dy't der barre. Twa stienen dit wykein njonken elkoar op de app fan Omrop Fryslân. It iene wie dat steatelid Marten Dijkstra fan de VVD soargen hat oer de wolf. Neffens him komt dy ek yn Fryslân foar en hy fynt dat it provinsjaal bestjoer dêr op jeie moat. Dy moat soargje dat de wolf bûten Fryslân bliuwt.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

No sjoch ik Sietske Poepjes noch net yn it tsjuster, langút efter in dûbeldloops yn de dunen fan Appelskea of Bakkefean lizzen te wachtsjen op Bor. Ik tink dat, yndachtich sa't it CDA altyd polityk fiert, it earst noch mar ris wis wêze moat dat de wolf yn Fryslân is en dat dêrnei omraak besprutsen wurde moat hoe't je dêr dan mei omgeane.

Ja, sa moat it dus net, seit Dijkstra. Hy fynt soks teloarstellend. Mar goed, dan moat der wol gau in meldpunt komme. Sadree't in wolf je yn de hals hinget, moatte je belje. En jagers moat frij spul ha om te sjitten, de wolf moat net mear in beskerme bist wêze.

Mar dêrmei komme je op de twivel. Ik fyn it eins wol moai dat de wolf yn Fryslân wer werom komt. Ik soe bêst ris sa'n bist yn libben sjen wolle en folgje. Mar ik begryp ek bêst dat de skieppeboeren dêr in hekel oan ha, want as aanst krekt as yn Heusden oates en toates deade lammen yn de greide lizze is ferskriklik. Twivels. Elkenien hat dat. We hearre hjiroer ek neat fan de Partij voor de Dieren, want dy ha fansels ek twivels en doare der net iens in kongres oer te hâlden.

Twivels binne der ek oer Skiermûntseach. Nee, net oer dat gefal fan wethâlder Johan Hagen. De dyk dêr't de bus lâns moat kin oer syn terrein foar boerebedriuw en groepsakkommodaasje útwreide wurde. Of se moatte in nije wei oanlizze, dy't in hiel soad oaren net ha wolle. Hy seit dat er net mear mei praat, mar dat ha ik fan gjin inkele eilander ûndernimmer ea leaud.

Nee, it giet oer de grins fan Skier. De eastkant fan it eilân skoot hieltyd fierderop yn de rjochting fan de Grinslanner gemeente Het Hogeland. It binne mar sintimeters, mar as je in pear jier wachtsje is it in meter. Der moatte elke pear jier grinskorreksjes komme. We ha nammentlik yn Nederlân formalisme as útgongspunt en dat betsjut as der ien dea gean soe op dy meter, dan moatte dy Grinzers der mei rêde. Soksawat. Unsin, mar yn ús amtlike sfear bart soks. As je no earne opskriuwe soenen dat Skier in eigenstannige gemeente yn Fryslân is, dan is it dochs klear soenen wy gewoane minsken sizze. Mar nee, formalistyske grinskorreksjes.

Dêr kinne je, tiid- en jildfergriemend, hearlik oer âldehoere, want politisy op Skier ha dochs neat oars te dwaan. Boargemaster Van Gent sei, let op, "dat ik gelukkig nu weer baas ben over het hele eiland". En Bart Pastoor, Grinzer fan komôf, sei dat je dochs foarsichtich wêze moatte, want der binne oarloggen foar minder ûntstien. No, oarloch mei de Grinzers, it kin my net gau genôch barre. Hup Sietske, mei dy dûbeldloops ek mar nei it strân fan Skier om dy Grinzer wolven ôf te sjitten.

Dy beide berjochten stienen om in serieus berjocht hinne: dat hjir ek yn Fryslân minsken protestearje tsjin de coronamaatregels fan de oerheid. It regear hat, hieltyd twiveljend, noait goed wittend hoe as wat, ôfhinklik fan de wittenskip, dochs ien goed belied útsette moatten. Fansels dogge je mei sa'n belied guon minsken sear. Mar as we de sykte gewurde litten hienen, hiene der noch folle mear minsken it hiel sear hân.

Efterôf kin je in soad sizze oer dat hie sa moatten en dat en dat hie net hoegd. En je meie bêst bliid wêze, dat je wer op in terraske sitte kinne, neat mis mei. Mar dy protestearders sizze "verzet is een plicht". Ja, doe't de Dútsers kamen. Of de Grinzers aanst komme. Of tsjin de krúsraketten. Of no yn Amearika tsjin wite plysjes en harren baas Trump.

Of hie dat lêste dochs mar efkes net mear moatten. No mei dy corona. Ferdomme, no begjin ik dochs wer te twiveljen."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)