Modelspoarmuseum grypt sluting fanwegen corona oan foar opknapbeurt

03 jun 2020 - 07:29

It modelspoarmuseum yn Snits hat de ferplichte sluting fanwege coronafirus oangrypt om it museum oan te pakken. In oantal nije aktiviteiten foar bern, op in soad plakken is de boel skildere, der is in nije kofjehoeke. En fan woansdei ôf kinne besikers ek wer nei it museum ta.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"Het aanpakken van het museum was wel iets gepland, maar we hebben gelijk de zaak maar wat groter aangepakt. Je kunt moeilijk drie maanden stilzitten", seit museumdirekteur Jan Willem van Beek. "We hebben alles beschilderd, alles heeft een frisse kleur gekregen." En dat binne putsjes dy't je net samar ûndernimme as der publyk delkomt.

Fan woansdei ôf is it modelspoarmuseum wer iepen, mar wol mei beheinde iepeningstiden. "Het moest helaas iets aangepast worden. We zijn beperkt open: woensdagmiddag, vrijdagmiddag, de hele zaterdag en zondagmiddag. Vanaf juli gaan we bekijken of we langer open kunnen."

Minder frijwilligers

Der binne no fjirtich persint minder frijwilligers, om't it grutste part fan harren al op leeftiid is. "Wij hebben veel oudere vrijwilligers, die vanwege het risico niet komen", seit Van Beek.

Om't der in soad tiid en wurk stutsen wie yn de tentoanstelling oer 75 jier frijheid, hat it museum besletten dy trochgean te litten. "We vonden het zonde om die af te gelasten. We hebben de tentoonstelling uitgebreid en die kan het hele jaar nog worden bekeken."

Museumdirekteur Jan Willem van Beek

(Advertinsje)
(Advertinsje)