Fûgelwachters foar in part wer aktyf op it Waad

De fûgelwachters binne wer werom op it Waad. Alteast, dyjingen oer wa't Steatsboskbehear de rezjy hat. Konkreet betsjut dat dat der wer fûgelwachters binne op De Kalkman, tusken Skiermûntseach en It Amelân, en op de Boskplaat op Skylge. Mar dêr bliuwt it net by en it wurdt allegearre wol oars oanpakt as oars. En dat hat fansels alles te krijen mei it coronafirus.
De Boskplaat mei de stodyk op de eftergrûn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foar Natuermonuminten sitte de twa fêste fûgelwachters op It Gryn. Der soene oars noch minsken by komme op De Richel; in sânplaat by Flylân. Dat is yn earste oanset net trochgong en dat bliuwt ek sa. "It tal wikselingen en it tal minsken dat je op en del bringe moatte, is gewoan te grut", seit Jan Willem Zwart fan Natuermonuminten.
Op De Kalkman leit dat dochs wat oars, sa leit Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear op it Amelân út. "De vrijwilligers wordt gevraagd om zelf naar de Engelsmanplaat te lopen", seit sy. Dêr is it ferfier dus gjin probleem.
It Gryn © Anne Krediet
De Waadunit hat earder al foarried nei it fûgelwachtershúske brocht. Yn earste oanset kiest Steatsboskbehear derfoar allinnich fêste stellen ta te litten, mar op himsels kinne twa persoanen dêr foldwaande romte fan elkoar hâlde. Famylje mei net eefkes delkomme om in jûn útfanhûs. En minsken meie gjin coronasymptomen ha; oars komme sy der net op.
Fûgelwachters hawwe ek in foarljochtsjende taak rjochting besikers, mar dat moat no ek oars. "Ze krijgen de opdracht om mensen toe te spreken vanaf de eerste verdieping van het huisje", seit Veenendaal.
Besikers oan De Kalkman © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op Skylge hawwe sy los fan it coronafirus ferline jier al dwaande west om bewenners fan it eilân sels waarm te meitsjen foar in tydlik en frijwillich ferbliuw yn in fûgelwachterskeet op de Boskplaat. Dat docht no fertuten, want dy minsken wurde no ynsetten. Dêrby moat it wol om minsken gean dy't mei elkoar libje.
De publyksfoarljochting stiet ek hjir op in sêft sin en dat wurdt ek mei buordsjes dúdlik makke. As der minsken yn need binne dan leit dat fansels oars. Ek komme der wer boskwachters op de Noordsvaarder om de strânbrieders dêr feilich briede te litten.