Beskonken man rydt oer hân fan freondinne yn Twizelerheide

03 jun 2020 - 06:24

Oan de Bjirkewei yn Twizelerheide hat tiisdeitejûn in opmerklik ynsidint west. Foar de pleatslike kroech waard in frou oer har hân riden troch har eigen freon. Se rekke ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Foto: De Vries Media

De man hie tegearre mei syn freondinne yn it kafee yn it doarp west. Op in bepaald momint krigen de man en de frou rûzje. De man, dy't op dat stuit in te heech alkoholpromillaazje yn syn bloed hie neffens in blaastest fan de plysje, woe fuortride mei syn auto.

Doe't de frou besocht him tsjin te hâlden en de autodoar fêst hie, joech,neffens in tsjûge, de bestjoerder gas en waard de frou meisleept. De frou foel en de auto ried oer har hân hinne.

De frou is troch it ambulânsepersoniel kontrolearre en oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

De man is troch de plysje oanhâlden foar riden ûnder ynfloed fan ferdôvjende middels. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo, om te ûndersykjen oft er ek ûnder ynfloed wie fan oare ferdôvjende middels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)