Simmerplasdras moat soargje foar mear briedende skriezen

Greidefûgels en harren pykjes ha it troch de drûchte swier. Om dy reden ha de Noardlike Fryske Wâlden yn Wyns foar it earst in simmerplasdras oanlein. Mei de simmerplasdras wol de feriening skriezen dy't al fleane kinne plak en iten biede, yn de hoop dat se takom jier weromkomme om te brieden.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
"It is in drama dit jier mei de pykjes en einen", stelt Henk Oud fan Noardlike Fryske Wâlden. "It doel fan ús feriening is om it agrarysk natuerbehear út te bouwen. Greidefûgels spylje dêr in grutte rol yn en dus wolle we sa folle pykjes as mooglik grut krije." Mar rôffûgels fleane op en oan. "Dan tink ik: dêr hingje se wer, dêr gean ús jonge pykjes wer", follet boer Jan Eel Meindertsma oan.

Wêrom komme fleanflugge pykjes net werom?

"Ofrûne winter ha wy in lêzing hân fan Edwin van de Velde fan de RUG. Hy hat ús sjen litten dat der in soad misgiet tusken it 'fleanfluch' wurden fan de pykjes en it momint wêrop't se hjir weromkomme moatte om te brieden", leit Oud út. Nei alle gedachten is in tekoart oan iten dêr ien fan de oarsaken fan. "Doe ha wy neitocht hoe't we dêr wat oan dwaan kinne."
"We hiene al reguliere plasdrassen, mar troch de simmerplasdrassen kinne we ek skriezen dy't fleane kinne in goed plak en iten biede." In simmerplasdras is lân dat yn juny meand wurdt en dêrnei ûnder wetter set wurdt.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Henk Oud en Jan Eel Meindertsma
Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Henk Oud en Jan Eel Meindertsma