Twangsom foar MSV De Prikkedam: noch 6.000 euro oan boeten iepen

De gemeente Eaststellingwerf nimt stappen tsjin de motorsportferiening De Prikkedam fan Makkingea. De feriening hat nei ferskate oanmoanningen noch hieltyd net de boeten betelle foar oertrêdingen út 2018.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It giet om twangsommen foar ferskate lûdsoertrêdingen. De motorsportferiening moast yn totaal 10.000 euro betelje. Dat koe yn fiif dielen fan 2.000 euro. Der binne lykwols noch mar twa fan de fiif betelle. Der stiet dus noch 6.000 euro oan boeten iepen.
"Op 7 mei 2019 is een tweede last onder dwangsom opgelegd," sa meldt de gemeente. "Als gevolg daarvan moet de motorsportklup Prikkedam nu ook nog drie andere dwangsommen van 4.000 euro aan de gemeente betalen. In totaal is de club dus 22.000 euro kwijt vanwege geluidsoverschrijdingen."
De folgjende stap om het jild te krijen, is in twangsom, sa lit de gemeente witte. Dat betsjut dat in doarwarder beslach lizze kin op guod fan de klup.