Gemeente Ljouwert rint troch corona mear as in miljoen euro oan parkearjild mis

02 jun 2020 - 22:45

Troch de coronakrisis hat de gemeente Ljouwert minder ynkomsten út parkearjild. Minsken bliuwe thús en komme minder yn de stêd. Ljouwert rint no nei alle gedachten 1,17 miljoen euro mis.

Foto: Gemeente Ljouwert

De presise grutte fan it bedrach is noch net wis. "De hoogte is afhankelijk van hoe snel het bezoek aan de stad weer op gang komt", sa is yn in brief oan de gemeenteried te lêzen.

Net allinnich it parkearjild, mar ek de toeristebelesting en opbringsten fan reklame binne minder. De oanfraach foar de bystân nimt lykwols ta. "Het aantal mensen in de bijstand gaat stijgen", sa is te lêzen yn de brief. "Ten opzichte van het voorlopige rijksbudget per september 2019 wordt daardoor een tekort van verwacht."

De gemeente hat it finansjeel dreech. It eksakte tal oanfragen foar de bystân is noch net bekend, mar sil nei alle gedachten noch mear tanimme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)