Ynbrekkers stelle foaiepot foar goede doel yn Balk

02 jun 2020 - 22:36

By in ynbraak by izerbedriuw Hamstra yn Balk is in grutte pot mei jild stellen foar it goede doel. It giet nei alle gedachten om hûnderten euro's. De opbringst wie foar de stichting 'Ramon scoort tegen kanker'. Dy sammelet jild yn om húshâldingen finansjeel te stypjen as harren bern kanker krijt.

Foto: Pixabay

Oprjochter Renate fan de stichting is oandien troch de stellerij. "Hjir binne hast gjin wurden foar, wy snappe dit echt net", fertelt se. De pot stie by de kassa fan it bedriuw en in soad klanten dogge der in bydrage yn as se wat keapje.

Ramon is de soan fan Renate. Hy wie 5 jier doe't der by him lymfeklierkanker ûntdutsen waard. Dat is no 8 jier lyn. Yntusken is er kankerfrij en wol de famylje wat werom dwaan foar oaren. Dêrom ha se de stichting oprjochte en der is de ôfrûne jierren al mear as 100.000 euro ophelle.

Pot soe hast lege wurde

De pot by it izerbedriuw wie al aardich fol en soe hast lege wurde. "Dat dogge we altyd mei de krystdagen en krekt foar de simmerfakânsje", seit Renate. "Ik tink dat der wol 600 of 700 euro yn siet. Ik fyn it ek sa slim foar de Hamstra's. It binne hurdwurkjende minsken mei in hert fan goud. Se dogge dit al jierren foar ús."

De ynbraak hat yn de nacht fan moandei op tiisdei west. Der is fan alles meinommen út it bedriuw en dus ek de foaiepot. It lid is letter weromfûn, mar de pot sels mei al it jild net. "We krije yn dizze coronatiid hieltyd mear oanfragen binnen foar stipe, omdat minsken it finansjeel dreech ha. Dus we hat it jild ek hurd nedich," lit Renate witte.

Tsjûgen socht

Se hopet dat de dieders gau fûn wurde. Tsjûgen wurdt fersocht harren te melden by de plysje.

Renate fan de stichting 'Ramon scoort tegen kanker' oer de stellerij

(advertinsje)
(advertinsje)