Histoaryske skippen dogge mei oan manifestaasje foar mear stipe: "Oars driget sloop"

02 jun 2020 - 22:17

Histoaryske skippen, wêrûnder de brune float, sille op 9 juny in manifestaasje hâlde op in noch geheime lokaasje. De troch de coronamaatregels swier troffen bedriuwssektor freget dêrmei om stipe, want se fine dat it kabinet mear dwaan moat.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De skippers ha earder al sein te tinken oan de komst fan in needfûns, om de float mei histoaryske skippen te rêden. Yn totaal binne yn Nederlân sa'n 450 fan sokke skippen.

Eelke Dijkstra, organisator fan syleveneminten en dielnimmer oan de manifestaasje, seit dat der in lytse 200 skippen byinoar komme sille. "Sa wolle we oanjaan dat we help nedich ha. It sit net yn ús aard om de hân op te hâlden, want we ha dy skippen hielendal sûnder subsydzje yn de feart brocht en der is in hiele brânsj troch ûntstien."

"Net genôch stipe"

De skippers binne bang dat se net oan alle betingsten fan it kabinet foldwaan kinne om foar stipe yn oanmerking te kommen. Ek de peildatum foar it stipepakket oan it begjin fan it jier is neffens Dijkstra net geunstich.

"Wy wurkje in soad mei tydlike kontrakten, foaral seizoenskrêften, en dy binne net op 1 jannewaris yn tsjinst. Dan krije je gewoan neat betelle", seit Dijkstra. "Dus, prachtich moai alle stipe, mar wy binne hiel benaud dat it foar ús net genôch is en dat dêrtroch ús moaie histoaryske float driget te ferdwinen út it lânskip."

Op sosjale media te sjen

Geert Dijks fan HISWA-RECRON, de brânsjorganisaasje fan de rekreaasjektor, hat by it radioprogramma 1 op 1 fan de NPO sein dat de skippen by it eilân Pampus by Amsterdam gearkomme sille. Dijkstra wol lykwols net al te folle sizze oer de lokaasje fan de manifestaasje.

"We wolle wol dat it in publyksmanifestaasje is, mar net dat der publyk op ôfkomt. Wy binne oertsjûge fan al it gefaar dêrfan." Minsken moatte op 9 juny har sosjale media yn de gaten hâlde, advisearret Dijkstra, want dêr sil alles goed yn byld brocht wurde.

Skippers wolle dúdlikheid

De skippers hoopje mei de manifestaasje dúdlikheid te krijen. Dijkstra: "Wy wolle ús ek hiel goed hearre litte, wy binne der ek. Wy ha histoaryske skippen en as de keuring en de sertifikaten ferrinne, dan komme se net wer werom. Dan rest allinnich noch mar de sloop."

Eelke Dijkstra, organisator fan syleveneminten en dielnimmer oan de manifestaasje

(Advertinsje)
(Advertinsje)