Sinnepanielen Thialf stean út: skea rint yn de tonnen

02 jun 2020 - 18:29

De 5.000 sinnepanielen op it dak fan Thialf steane sûnt dit wykein út, om sa de fersekering hâlde te kinnen. De brânfersekering dy't it iisstadion no hat is troch de fersekerder mei yngong fan 30 maaie opsein.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

Thialf skriuwt yn in brief oan de oandielhâlders dat it pân amper te fersekerjen is troch "zeer slechte schadestatistieken van panden met zonnepanelen en de bij Thialf gebruikte materialen van de dakisolatie". Mooglik moatte de sinnepanielen op 1 oktober hielendal fuorthelle wêze.

Grutte finansjele skea

Foar Thialf is dit de safolste finansjele tsjinfaller. It útsetten fan de panielen soarget foar in skea fan in pear ton it jier. Troch it ûntbrekken fan de panielen moat no ekstra enerzjy ynkocht wurde en dat kostet it iisstadion sa'n 125.000 euro it jier. Boppedat komt in nije preemje foar in nije soarchpolis fan 80.000 euro. Oer de opbringsten fan subsydzje, 80.000 euro, ûntstiet no ek yn protte ûnwissens.

Iisstadion Thialf krijt 2,9 miljoen 'rêdingskredyt' fan provinsje en gemeente - Foto: Omrop Fryslân

Mooglik moat Thialf foar 1 oktober de panielen sels fuorthelje litte. De direksje sil yn petear mei fersekerders om dit foar te kommen. "Het alternatief om het pand niet te verzekeren is vanuit de bestuurlijke verantwoordelijkheid van directie en raad van commissarissen geen optie", sa is te lêzen yn de brief. "De directie van Thialf kan niet anders dan besluiten om het voorliggende verzekeringsvoorstel te accepteren en daarmee zowel het pand als de bedrijfsschade ook na 31 mei verzekerd te houden."

Gearkomste mei saakkundigen

Woansdei 3 juny wurdt Provinsjale Steaten om 11.00 oere yn in gearkomste mei saakkundigen op de hichte brocht oer de problemen by Thialf. Hjir sprekt ûnder mear Herman de Haan fan de KNSB oer de mooglikheden ta betelling foar trainingsfasiliteiten.

(advertinsje)
(advertinsje)