Fjouwer wiken sel foar Amerikaanske man dy't frou yn gesicht spuide yn Ljouwert

In 24-jierrige man út Amearika dy't in pear wiken lyn in frou yn Ljouwert yn it gesicht spuid hat, moat fjouwer wiken de sel yn. Dat hat de plysjerjochter yn Ljouwert tiisdei bepaald.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man siet mei syn freondinne op in bankje op de Iewâl doe't hy dêr weistjoerd waard troch it slachtoffer, sy wurket by in ynstelling oan de Iewâl. De fertochte spuide it slachtoffer fan tichtby yn it gesicht, omdat er him misledige fielde.
De man is dêrnei teste, hy wie net besmet mei it coronafirus. Mar dat wist er net doe't er spuide, seit de rjochter en dy nimt it him dêrom bot kwea ôf, omdat spuie yn dizze tiden fan corona minsken benaud makket. It slachtoffer hat in minne tiid hân, omdat sy ek net wist oft de fertochte it coronafirus hie of net.