Mister Hearrenfean mist de klup: "Ik kan er best wel emotioneel van worden"

02 jun 2020 - 16:46

Maarten de Jong mist 'syn' SC Hearrenfean. De man dy't fan 1984 oant en mei 1995 foar de klup spile draacht de titel 'Mister Hearrenfean', mar it iennige dat er noch foar de klup docht, is dat er clinics jout oan de jeugd. En dat it net mear is, docht him sear. Hy praat deroer yn de nije SportCast, mei dêrnjonken ek de iene nei de oare anekdoate út syn tiid as spiler.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.

"Het raakt me wel"

Sûnt in pear jierren fersoarget De Jong clinics foar de klup by amateurferieningen. Mear docht er net mear, wylst dat yn it ferline folle mear west hat. "Het is de laatste jaren minder geworden. Het zal aan beide kanten liggen denk ik. Ik had best nog heel veel voor de club willen betekenen, maar na de tijd van Luuc Eisenga is dat minder geworden."

Dat is dreech foar De Jong, om't SC Hearrenfean noch altyd yn syn hert sit. "Dat het de laatste jaren minder gaat, doet mij ook pijn. Dat gaat mij ook aan het hart. Vooral in deze tijd kun je op jongens als Gertjan Verbeek, Jan de Jonge en mij, die de supporters nog wel kennen, een beroep op doen." Wylst De Jong der oer praat, liket er der mear muoite mei te hawwen. "Het raakt mij wel ja. Ik kan er best wel emotioneel van worden. Dag in, dag uit, heb ik voor de club klaargestaan. Je bent iemand van het volk geworden. En dat je gewoon aan de kant geschoven wordt, dan denk ik: waarom? Wat heb ik verkeerd gedaan? Maar dat zou ik niet weten."

It wie sels sa slim dat de âld-middenfjilder net mear yn it Abe Lenstra Stadion kaam. Ek net by wedstriden. En dochs stiet er noch altyd iepen foar in funksje by de klup. Kin Cees Roozemond belje? "Ja, tuurlijk. Ik zou heel graag wel weer wat voor de club willen doen."

Korbach

Ien fan de trainers dy't in soad yndruk op De Jong makke hat, is Fritz Korbach. Mei him promovearre Hearrenfean yn 1990 foar it earst yn de kluphistoarje nei de earedifyzje. De Jong hat goede oantinkens oan Korbach. Hy fertelt in anekdoate oer de trainer, dy't yn 2011 ferstoar. Dy giet werom nei in wedstriid tsjin RKC, wêryn't De Jong lilk waard om in doelpunt fan RKC dat net ôfkard waard. "Ik ging als een idioot naar die grensrechter toe en zei: 'mongool, dit en dat'. Ik kreeg de rode kaart. Maandags moest ik bij Fritz komen. Hij zei: 'Even over die rode kaart. Wat is mooi doelpunt in het Twents?' Want ik kwam uit Nijverdal. Dus ik zei: 'Mooie gol'. Hij zei: 'We gaan naar Zeist, want mongool en mooie gol lijkt heel erg op elkaar'. Ben ik vrijgesproken!", laket De Jong.

Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean-alvetal fan de iuw

It alvetal fan de iuw fan SC Hearrenfean krijt hieltyd mear foarm. Echte klupminsken fan de Feansters kinne der spilers ynsette en ien namme is foarôf al ynfolle: Abe Lenstra. Maarten de Jong kiest foar in keeper: Hans Vonk. Hy keepte acht-en-in-heal jier yn it pompeblêdeshirt. De Jong: "Hans was een complete keeper. Bij RKC, voordat hij bij Heerenveen kwam, vond ik hem al opvallen als keeper." Se hawwe net tegearre spile yn it earste fan Hearrenfean, mar nei de karriêre kamen se elkoar noch wol ris tsjin by âld-Hearrenfean. "En daar merk je: er zit zoveel ervaring, zoveel rust en zoveel goede coaching in. Dat is heel belangrijk voor het team", seit De Jong.

Foto: Omrop Fryslân

SportCast

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)