Skriuwer boek Marianne Vaatstra definityf feroardiele

02 jun 2020 - 16:35

Skriuwer Wim Dankbaar fan in omstriden boek oer de moard op Marianne Vaatstra wurdt definityf feroardiele foar smaad. It fonnis yn fan it gerjochtshôf bliuwt stean, hat de Hoge Raad bepaald.

Foto: ANP

Dankbaar hat meiskreaun oan it boek mei de titel Het verboden dagboek van Maaike Vaatstra. Dêr wurdt yn steld dat Marianne Vaatstra net slachtoffer wurden is fan Jasper S., mar fan in asylsiker. Dankbaar brûkt foar syn bewearingen ûnder oare passaazjes út it deiboek fan Marianne har mem, Maaike Vaatstra.

It gerjochtshôf feroardielde de man earder ta twa moanne sel fanwege smaad. Dêr gie Dankbaar tsjin yn berop by de Hoge Raad, omdat it hôf gjin tsjûgen hearre woe dy't hy oproppe woe. De ried seit dat it hôf neat ferkeard dien hat en dêrmei wurdt de feroardieling fan Dankbaar definityf.

Alle eksimplaren fan it omstriden boek fan Wim Dankbaar en Hans Mauritz moasten yn 2015 ferneatige wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)