Provinsje stelt oanbesteging foar it busferfier út fanwege coronakrisis

02 jun 2020 - 17:56

De provinsje Fryslân hat besletten om de oanbesteging fan it Fryske busferfier foar de perioade 2022-2032 foarearst út te stellen. Omdat it iepenbier ferfier hurd rekke wurdt troch de coronakrisis is it no neffens deputearre Avine Fokkens gjin goeie tiid foar in gewoane oanbestegingsproseduere.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De deputearre wol nei de simmerfakânsje earst mei de iepenbier ferfierbedriuwen yn petear oer in alternative proseduere, wêrby't rekken hâlden wurdt mei de bysûndere omstannichheden fan no. Foar dy konsultaasje wol Fokkens twa moanne de tiid nimme. Se hâldt der rekken mei dat nei oanlieding fan dy petearen it programma fan easken mooglik oanpast wurde moat.

"Wij zullen eerst een marktconsultatie uitvoeren en in dialoog gaan met de busbedrijven", fertelt Fokkens. "Voor het aanbesteden van busvervoer is dat een novum, maar het lijkt mij wel een gemeenschappelijk belang."

Risiko

Troch de coronakrisis steane in soad iepenbier ferfierbedriuwen der op dit stuit net goed foar. Dat makket it foar harren no lestich om yn te skriuwen foar de perioade 2022-2032. "Je loopt daardoor het risico dat dit een slechte aanbesteding wordt, waar we tien jaar last van kunnen houden. Ik wil daarom met de bedrijven gaan praten over wat wel mogelijk is."

Foar busbedriuwen is it wichtich om te witen oft se útgean moatte fan iepenbier ferfier mei de ferplichte oardel meter ôfstân, of dat se útgean kinne fan gewoan iepenbier ferfier mei folle bussen. "In een aangepaste procedure kunnen we specifiek rekening houden met de huidige omstandigheden, maar ook met de mogelijkheid dat de effecten van de crisis nog lang merkbaar zijn", seit deputearre Fokkens.

De tiid nimme

De deputearre wol twa moanne de tiid nimme foar de konsultaasje. Yn dy tiid moat dúdlik wurde oft in oanpaste oanbestegingsproseduere in gaadlik alternatyf wêze kin. Der moat yn elts gefal in proseduere komme, want it ferlingjen fan de hjoeddeiske konsesje is juridysk net mooglik.

Deputearre Avine Fokkens oer it busferfier

(Advertinsje)
(Advertinsje)