Dit jier gjin hurdfarproef mear op de Burgumer Mar

02 jun 2020 - 15:17

De proef mei it hurdfarren op de Burgumer Mar giet dit jier net mear troch. Dat hat de provinsje besletten. De provinsje hie in part fan de mar ferline jier oanwiisd as hurdfargebiet, om in proef te dwaan, mar de rjochter sette der in moanne neidat de proef begûn wie in streek trochhinne.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Neffens de rjochter soe de natuer mooglik fersteurd wurde troch de rappe boaten. Dat wie in foarriedige útspraak. De definitive útspraak hie der no ûngefear wêze sillen, mar hat fertraging oprûn troch de coronakrisis.

De provinsje hat de proef no foar dit jier definityf skrast, om elk dúdlikheid te jaan. As it fan de rjochter mei, dan wurdt de proef takom jier hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)