Riedsmearderheid Weststellingwerf wol automatyske lintsjes yn polityk ôfskaffe

It moat dien wêze mei dat gemeenteriedsleden en wethâlders nei tolve jier automatysk in keninklike ûnderskieding krije. Dat fynt in riedsmearderheid fan GrienLinks, SDW, D66 en CDA yn de gemeenteried fan Weststellingwerf.
© Omrop Fryslân
In mearderheid fan de fraksjes fynt dat minsken op grûn fan wat se dien of prestearre ha in lintsje fertsjinje. By de brânwacht is it earder al ôfskaft dat brânwachtlju nei tweintich jier automatysk keninklik ûnderskieden wurde. Dat kin noch wol op grûn fan persoanlike fertsjinsten. Dat soe ek sa wêze moatte by riedsleden en wethâlders, fynt de mearderheid fan de ried fan Weststellingwerf.
De ried sil tiisdeitejûn op de riedsgearkomste prate oer de kwestje.