COA krijt gelyk yn koart pleit: asylsikers Burgum moatte mei-inoar ferhûzje nei nijbou

02 jun 2020 - 13:31

De asylsikers fan Burgum dy't in koart pleit yntsjinne hawwe tsjin it COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers), moatte dochs mei-inoar ferhûzje nei de nije lokaasje. De groep bewenners hie in koart pleit oanspand tsjin it COA, om't de nijbou dêr't se tiisdei eins hinne moatte te lyts is om genôch ôfstân fan inoar te hâlden yn coronatiid. De rjochter hat lykwols besletten dat de beswieren fan tafel binne en de minsken wol nei it nije plak moatte.

COA krijt gelyk yn koart pleit

It koart pleit tsjinne online en waard dien mei help fan in fideoferbining. By it kantoar fan de advokaten wie in groep asylsikers bywêzich om it koart pleit te folgjen.

Rjochter: it is in wente

De advokaten fan de asylsikers binne Jan Nijenhuis en Marita Jansen. Sy binne net bliid mei de útspraak. "Koartsein komt it op de fraach del oft it wenten binne of net. Yn in wente jilde dy ferbodden net. Wy hawwe hieltyd sein: dit is net in wente, mar in opfanglokaasje. Dat wie ek de diskusje yn de sitting, mar de rjochter hat no sein dat it wenten binne. Dan jildt allinne de rjochtline, mar dat is de eigen ferantwurdlikens," leit Jansen út.

Der falt neat mear oan te dwaan. "Hjir moatte wy it mei dwaan. It is spitich. It ferhûzjen is útsteld oant 13.00 oere, dus ik tink dat sy no fierder geane mei it ferhûzjen."

Juridyske redenearring

Advokaat Jan Nijenhuis jout ek oan: "Het kon linksom of rechtsom, het is voor ons de verkeerde kans op gevallen." Neffens de advokaat binne de risiko's op corona folle grutter. "Maar de rechter vindt wel dat het een woning is, en dan wordt het een juridische redenering: als het ene woning is gelden de verboden niet en als de verboden niet gelden kun je ze ook niet overtreden."

Nijenhuis fynt ek dat de wenromte net grut is. "Vooral op de sociale media hoor je nog wel dat de mensen het meest luxe van het luxe willen, dat is niet zo. Ze zitten nu met acht mensen op 90 vierkante meter, straks zouden dat tien-elf op 100 vierkante meter worden. Dat is ook niet ruim."

It asylsikerssintrum fan Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Advokaten Jan Nijenhuis en Marita Jansen

Soargen oer coronafirus

De asylsikers wenje oant no ta yn lytsere wenunits yn de needgebouwen fan it azc yn Burgum. Mar yntusken binne der nije huzen delset fan stien, dy't brûkt wurde kinne as permanint plak. It betsjut wol dat yn de nijbou meardere húshâldingen byinoar komme te wenjen. De asylsikers sizze dat it op dy wize net mooglik is om 1,5 meter ôfstân te hâlden fan inoar, want de foardoar, keuken en sanitêr wurde dield. Asylsikers hawwe sels oanjûn yn noed te sitten, mei om't der koartlyn in grutte útbraak wie fan it firus yn it azc yn Snits.

Wurdfierder Ali Alqadrani sei dêr tiisdei earder oer: "Wij willen gewoon in deze coronasituatie niet verhuizen, want er moeten meer families in één unit wonen. We moeten dan met zo'n elf mensen één badkamer en keuken delen. Wij zijn bang om daardoor corona te krijgen. Je kunt je zo niet aan de regels houden."

Advokaat Jansen joech earder oan dat it neffens har yn striid wie mei de rjochtlinen fan it RIVM en dat ek it COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers) him dêr gewoan oan hâlde moat. Dêrom hiene fjirtich asylsikers it koart pleit tsjin it COA ek oanspand.

Reaksje COA

Miranda Bakker fan it COA begrypt de soargen by de bewenners, mar neffens har is der gjin ekstra gefaar. "Ik begrijp zeker dat ze zich daar zorgen over maken. Maar de ruimte is niet anders dan ze gewend zijn. Ze moeten wel met meer mensen in de woning, aar de ruimte is ook groter, dus er is geen verschil met de oude woningen", sa seit Bakker.

It COA hat maatregels nommen om foar te kommen dat bewenners besmet reitsje. "We hebben de afgelopen maanden niets anders gedaan dan mensen heel goed voorlichten, met mensen praten, RIVM-maatregelen in allerlei talen uit te delen. Zelfs de persconferentie van Rutte is vertaald zodat ze dat konden volgen. De zorgen die de mensen hebben die kan je niet gelijk wegnemen. Je kan alleen maar naar mensen luisteren, en kijken wat we wel kunnen doen om die zorgen weg te nemen", sa seit Bakker.

Miranda Bakker fan it COA

(Advertinsje)
(Advertinsje)