Lutz Jacobi stapt mei Waadferiening út oerlis Waadautoriteit

De Waadferiening stapt út it oerlis fan de Waadautoriteit. Direkteur Lutz Jacobi is klear mei it ferskaat oan oerlizzen oer it Waadgebiet. Jacobi wol gjin diel mear útmeitsje fan wat se sels 'de kapstôk fan oerlizzen' fynt.
Lutz Jacobi © Omrop Fryslân
De Waadautoriteit is betocht troch it kabinet en de Twadde Keamer. Neffens Jacobi komt der te min út de oerlizzen oer it Waad. "Alles en eltsenien dy't it wurd Waadsee spelle kin sit der sawat yn. We hawwe deroer in briefwikseling hân mei it ministearje, wat der nedich is, is gewoan in goed en dúdlik belied foar it Waad en net eltsenien oan tafel útnûgje. Dat ha we al jierren lang dien. Dêr wêr't de problemen binne, moatte we it oplosse", seit Jacobi.
Der is spanning tusken ynstânsjes mei natuer- en ekonomyske belangen. "No leit der in gebietsaginda 2050, mar dat is net mear as in optelsom fan belangen fan sektoaren. Wy wolle hjir net mear by hearre", seit Jacobi.

Eigen alliânsje

Jacobi is net bang dat de Waadferiening no oan ynfloed ferlieze sil. "Dat tink ik net. Kinst dyn sechje wol dwaan yn dat oerlis, mar der moat gewoan in hiel goed programma komme. Wat binne de problemen fan it Waad en hoe kinne we rjochting 2050 de bêste oplossingsrjochting dêrfoar fine? Dat is in kompas en dat kompas is er no net. We sykje dus ús eigen rjochting. Der binne genôch partners lykas Rykswettersteat en UNESCO. En ek yn Dútslân en Denemarken. Mar ek mei de partners dy wol dielnimme oan de grutte kapstôk fan oerlizzen. Wy sykje gewoan ús alliânsjes wêr't wy it nedich fine", sa seit Jacobi.
Direkteur Lutz Jacobi oer it beslút fan de Waadferiening