Oant no ta 75 Friezen mei ôfspraak foar in coronatest
Yn totaal ha no 75 Friezen in ôfspraak makke foar in coronatest fia it nije nûmer dat dêrfoar sûnt 1 juny beskikber is. Dat seit direkteur Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân. Dat oantal is in stik leger as it lanlike gemiddelde. Yn totaal ha yn Nederlân 5.500 minsken in ôfspraak makke fia it nije nûmer.
Troch it grutte tal telefoantsjes wie it nûmer moandei dreech te berikken. "Dat hiene we ek wol in bytsje ferwachte, mar sa drok dat de linen oerbelêste wêze soenen net. In kwart fan de minsken bellet mei in oare reden. Ik rop dêrom op om allinnich te beljen ast klachten hast", seit Kleinhuis, dy't ferwachtet dat de drokte yn de rin fan de wike wol ôfnimme sil.
Fluch in ôfspraak
Fyftjin minsken koenen moandei al direkt terjochte foar in coronatest. "Je krije hiel fluch ôfspraak. We teste op trije plakken, yn Ljouwert, Snits en Drachten. It giet hiel soepel en flot op de ôfsprutsen tiid. In dei letter, soms twa dagen letter folget dan de útslach. As it posityf is, wat dus negatyf is want dan binne je siik, dan krije je ynstruksjes hoe't je hannelje moatte en de GGD docht dan boarne- en kontaktûndersyk", seit Kleinhuis.
Wat it lege tal telefoantsjes yn Fryslân seit oer it tal besmettingen, wit Kleinhuis net goed. "We sjogge oan it tal sikehûsopnamen dat it yn Fryslân oant no ta wol tafalt. Mar omdat Nederlân en Fryslân stadichoan iepengean, moatte we hiel goed folgje oft der no mear minsken siik wurde. Dêrom is it ek belangryk dat minsken mei klachten belje. We brûke dit echt as sinjaal om te sjen oft we op it goede paad binne", sa seit hy.
Pinksterwykein
It ôfrûne Pinksterwykein wie foar de Veiligheidsregio, mei de weriepening fan de hoareka, in spannend momint, mar neffens Kleinhuis is it goed ferrûn. "It wie in hiel gesellige simmerdrokte. In hiel grut komplimint foar de ûndernimmers. Se wienen hartstikke goed taret. It wie allegear hiel moai en rêstich. Op ien útsûndering nei", dêr't Kleinhuis mei doelt op in kafee yn Ljouwert dat him net oan de regels hold.
Kleinhuis hie ek gjin grutte ynsidinten ferwachte. "Ik ha freed ek al sein, we ha der wol fertrouwen yn. Us befolking hat sjen litten dat se dit oankinne. It hie my fernuvere as it oars west hie. Gelokkich is it ek sa bard, mar we moatte it wol folhâlde, want it coronafirus is noch net fuort", sa seit Kleinhuis.