Middelbere skoallen meie wer los: in hiele roasterpuzel yn Sint-Anne

02 jun 2020 - 12:36

Nei goed twa moanne digitaal ûnderwiis mei it slot wer fan de skoallen foar fuortset ûnderwiis. Tiisdei is de earste dei dat de skoallen wer fysyk lesjaan meie en dus sitte der wer bern yn de skoalbankjes. Mar dat moat fanwege corona wol op oardel meter fan inoar en dat wie foar de skoallen noch in hiele puzel. Sa kin it CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne mar 60 learlingen tagelyk opfange. Gewoanwei binne dat der 570.

Middelbere skoallen sette wer utein

"It wie foar ús roastermakkers in hiel gedoch om te betinken hoe't se it foar inoar krije moasten dat eltsenien yn elts gefal ien dei yn de wike op skoalle komme koe", seit direkteur Eelco Bruinsma. "Mar it is lang om let slagge om in wurkber plan te meitsjen."

Trije oeren nei skoalle

De learlingen fan it UIbe van Houten gean trije oeren lang nei skoalle. Yn dy trije oeren sitte se de hiele tiid yn deselde klasse en komt der eltse kear in oare dosint nei harren ta, foar in 'lesoere' fan tritich minuten. "Dat is wel kort," seit dosint Ingelsk Robert Kamminga. "Je hebt toch al gauw eerst even een praatje van vijf a tien minuten om te vragen hoe het gaat en hoe het de afgelopen weken is gegaan. En voor je het weet is het half uurtje alweer voorbij."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Dochs is Kamminga wiis dat er wer begjinne mei. "Je hebt ze toch het liefste in de klas. Dat maakt het uitleggen een stuk gemakkelijker en ik heb toch het gevoel dat ik meer kan doen." Mar de oardel meter is dan wol lestich, sa fernimt Kamminga. "Je bent gewend om bij het één op één uitleggen toch even over de schouder mee te kijken, maar dat zit er nu niet in."

Konsintrearje

De learlingen sels binne wat ferdield oer oft se der bliid mei binne dat se wer los kinne. Jayden: "Het ging thuis eigenlijk ook wel prima. Ik kon me veel betere concentreren. Hier gebeurt er toch weer van alles om je heen waardoor je afgeleid kan raken." Mar de grutste muoite hiene de bern mei it op tiid fan bêd ôf kommen. Op de earste dei kamen ferskate bern te let op skoalle. En krekt no is dat noch wol in probleem, want de binnenkomst giet oars as oars.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

By binnenkomst moatte de bern earst de hannen waskje en harren dernei melde by in taffeltsje om yn te checken. Dernei wurde se ferspraat oer de skoalle yn groepkes fan maksimaal njoggen bern. Doel is om net allinnich genôch ôfstân te hâlden, mar ek sa min mooglik bern troch de skoalle rinne te litten. In nuvere situaasje dêr't direkteur Bruinsma sa gau mooglik wer fan ôf wol.

"We wolle se fansels graach wer allegear op skoalle hawwe. We hoopje dat dat nei de simmer wer kin, mar dan wol sûnder de oardel meter regel." It Ulbe van Houten is in skoalle yn de groei. Der sitte op dit stuit 570 bern op de skoalle, mar nei de simmer binne it der mear as 600. Om ek dy in plakje te jaan wurdt op it stuit ferboud.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferslachjouwer Wytse Vellinga by CSG Ulbe van Houten

(Advertinsje)
(Advertinsje)