In unyk ynsjoch yn de ferlerne Joadske mienskip fan Frjentsjer

02 jun 2020 - 12:03

In man sit hast ferskûle yn in beam. Hy is fruit oan it plukken. Under de beam stiet in groep manlju. Ien hâldt syn hannen omheech mei de bút. De oaren laitsje en ite it op. It is it jier 1939. Jacob Bramson leit mei syn 8 milimeter kamera soarchfâldich it libben op de kibboets fêst. Dat die hy earder ek al. De twadde genêsmaster fan it psychiatrysk sikehûs Groot Lankum yn Frjentsjer is ien fan de inisjatyfnimmers en riedshearen fan de kibboets. Bramson jout sa in unyk ynsjoch yn it libben fan in eksoatyske mienskip yn Fryslân.

Twa fan de Joadske froulju op it wurk by in túnker - Foto: Omrop Fryslan

It is 1935. Yn it eardere stasjonsgebou oan de Harnzerwei 45 wurdt in kibboets fêstige. In lânbouskoalle foar Joadske jongelju dy't plannen hiene om nei Palestina te emigrearjen. Op de skoalle sitte yn it begjin in soad Nederlânske studinten, letter komme dêr Joaden by dy't flechte binne út Dútslân, Eastenryk en Poalen. It stasjonsgebou is de twadde lokaasje. De earste op it Noarderbolwurk waard te lyts.

It is fee-ûnderwizer Wolf Tempel fan Ommen dy't yn 1934 nei Frjentsjer komt om in plan fan Jacob Bramson te realisearjen: it oprjochtsjen fan in Joadske lânbouskoalle. Tempel wurket foar Dath Waarets. Dat is in religieus-zionistyske organisaasje dy't Joadske jongelju nijsgjirrich meitsje wol nei emigraasje nei Palestina. De jongelju krije in oplieding oanbean dy't rjochte is op it libben op in kibboets, in lânboukoloanje yn Palestina.

"Je sjogge dúdlik dat dit it gebou is", seit Syds Wiersma, koördinator fan it Fries Film Archief. "De doar, de hoeke fan it gebou. Dêr stapten se nei bûten. Der is net in soad feroare eins. Dit wie it plak dêr't se oan it gekjeien wienen."

De bewenners rinne staazje by boerebedriuwen yn de omjouwing. Lykas by it kassekompleks dat deun njonken de kibboets leit. Op de film sjogge je twa froulju fan de kibboets dy't dêr hurd oan it wurk binne.

De kibboets siet yn it âlde stasjonsgebou oan de Harlingerweg - Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Online identifikaasje

Syds Wiersma en Kelly Bauer fan it Fries Film Archief hawwe yn oparbeidzjen mei it Historisch Centrum Franeker drok dwaande west mei ûndersyk nei de bylden. It is slagge om mei help fan online research in grut part fan de minsken te identifisearjen.

Wiersma: "Wy kamen der efter fia frou Polak út Egmond aan Zee. Sy wie in nicht fan de frou fan Bramson. Frou Polak hie in dvd mei famyljebylden. Sa ha wy kontakt opnaam mei Yad Vashem."

De soan fan Bramson, Josef, hat de bylden dêr yn 2013 hinne brocht en omskreaun. Hy, syn heit en syn beide sussen hawwe de oarloch oerlibbe. De frou fan Jacob Bramson net.

"Bramson wie dokter en wurke sa yn in ferskaat oan kampen yn Nederlân: Westerbork, Vught en Barneveld. Oan de ein fan de oarloch siet de hiele húshâlding yn Bergen-Belsen en moasten Jacob en de bern op it lêste transport nei Theresiënstadt yn Tsjechië. Dy trein kaam noait oan en is fûn troch de Russyske troepen."

Grutte histoaryske wearde

Nei de oarloch is Bramson al frij gau emigrearre nei Israel. Wiersma: "De histoaryske wearde fan wat hy filme hat is hiel grut. Sawiesa binne filmbylden fan de Joadske mienskip foar of yn de oarloch seldsum. Mar hjir sjogge je in mienskip dy't eins libbet op in eilân njonken de stêd. Minsken mei in ideaal om earne hinne te gean. In fitale, libbene mienskip dy't fuort woe út in fijannich Europa."

Eleazer, Eli, Asscher oan it melken - Foto: Omrop Fryslan

Eli Asscher

De bylden binne makke yn 1937 en 1939. Wiersma en de eardere stedsargivaris fan Frjentsjer Gerard van der Heide konkludearje dat op basis fan de ynskriuwingen yn it gemeenteregister. Yn beide gefallen is Eleazer 'Elis' Asscher der by. Hy is oplieder by Dath Waarets, in organisaasje dy't inkele kibboetsen runde. Njonken dy fan Frjentsjer hienen se der ek ien yn Beverwijk. en Almelo. Asscher spilet in promininte rol yn de film. Wiersma tinkt dat it te krijen hat mei syn funksje: "Hy komt yn 1937 op de kibboets. Hy wurdt oplieder lânbou."

Op de bylden sjogge je Eleazer Asscher op in hynder racen. Mar ek tusken de kij stean. "It liket der op dat hy in bêste melker wie. Hy wurdt dêr fan ferskillende hoeken út yn byld brocht." Asscher is ek in oarlochsslachtoffer. Hy komt nei de oarloch siik werom út konsintraasjekamp Bergen-Belsen en oerlibbet it net.

In aparte groep

De Joadske studinten wurken ûnder oaren op de pleats fan Van den Berg, flak bûten Frjentsjer njonken Groot Lankum. Ien fan de soannen fan Van den Berg, Rinze, kin him de groep noch goed foar de geast helje: "Ja, absolút. We rûnen der altyd lâns op wei nei skoalle. Fjouwer kear deis. En guon wurken by ús op de pleats. We seagen it as in wat aparte groep. As jonkje joegen je dêr gjin oandacht oan."

Ald-stedsargivaris Gerard van der Heide kent dat byld ek: "It wie ek wat in aparte groep. Se waarden yn it Frjentsjer fan doe, in konservative mienskip, echt sjoen as wat eksoatysk. Har libbensstyl stie de Frjentsjerters net echt oan. Dêr wie dan ek in soad kommentaar op. Ik hie wat in oare bân. Myn mem wie befreone mei Carolina, de frou fan Bramson. Sadwaande kaam se der wolris en die se dêr ek wol wurk."

Frjentsjer wie foar de oarloch in broeinêst fan NSB'ers, seit Van der Heide. "Der wienen hjir 331. Der wienen ek noch minsken fan de WA. Net echt in noflik plak om te wêzen. Mar se sieten wat oan de bûtenkant. Dêr hiene se de mooglikheid dochs wat fan in eigen libben te lieden."

Foto: Omrop Fryslan

It boerelibben yn Fryslân is hurd. Dat is foar de measten in goede learskoalle foar har nije takomst yn Palestina. Dêr sil it net makliker wurde. Morris Schnitzer is ien fan de jongeren op de lânbouskoalle. Hy koe by de ynfal yn de kibboets yn 1941 ûntkomme en oerlibbe de oarloch. Schnitzer treft it net by de earste boer dêr't hy oan it wurk giet. Yn syn memoires hat hy it oer fysyk swier wurk. Der wurdt ek kwealik wat tsjin him sein. As dat al dien wurdt, sizze se 'Jod' of 'Joad'. "Se hiene gjin respekt foar my", skriuwt Schnitzer, "Se wienen net wend oan frjemdlingen, hiene ek in hekel oan Hollanners. En wy wiene Joaden, út de stêd." Hy mocht net yn it wenhûs komme, allinnich mar yn de stâl. "Ik wie in boerefeint, net mear as dat. Ik krige noait wat fan de boeren sels, sels gjin freonlik wurd. It wie in rûch, mar al in freedsum libben."

'Lossleine binde'

It eksoatyske dêr't Van der Heide en Van den Berg it oer hawwe is goed werom te sjen op de filmbylden, seit Syds Wiersma. "Hoe't se mei it hynder omgeane bygelyks. Der waarden ek froulju op treaun, om se riden te learen op in net-sadele hynder. Ik tink dat Frjentsjerters tocht ha: 'wat in lossleine binde'. It wie in libbene mienskip."

Ut it ûndersyk docht bliken dat de helte fan de bewenners troch de tiid hinne fuortgien is nei Palestina. Troch alle oarlochsdriging is emigraasje fan 1939 ôf hast (sjoch kader) net mear mooglik. De bewenners fan de kibboets kinne gjin kant út. Op 21 novimber 1941 dogge de Dútsers in ynfal. Der wenje op dat stuit noch 16 studinten. 10 wurde oppakt en ôffierd nei finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Fjouwer binne op dat stuit net oanwêzich. It slagget twa manlju om op mirakuleuze wize te ûntsnappen.

Ut resint ûndersyk fan Syds Wiersma en Kelly Bauer docht no bliken dat it in groep fan 14 (âld) bewenners fan de Frjentsjerter kibboets dochs slagge is yn 1939 Palestina te berikken. Sy sieten op it skip de Dora dat op 16 july 1939 mei 300 Joadske flechtlingen ôfset út Amsterdam. By in tuskenstop yn Vlissingen en Antwerpen wurde nochris 200 flechtlingen oppikt. It wie it iennige yllegale skip dat mei Joadske flechtlingen Noard-Europa ferlit. Nettsjinsteande it Britske embargo berikt it skip op 12 augustus Palestina. Sa wurde hûnderten Joaden rêden.

De ûntsnapping

Morris Schnitzer en Bram Pach binne de twa manlju dy't it slagget út te naaien. Schnitzer ûntsnapt op in oare wize. Hy lei op bêd doe't de Dútsers kamen. Rinze van den Berg wit it noch goed: "Hy wie mei hynder-en-wein yn de feart bedarre. Myn heit hat doe sein: gau nei hûs, waarm wurde." Syds Wiersma follet oan: "Doe't de Dútsers kamen, kaam hy fan bêd. Se waarden bûtendoar op it perron set en Schnitzer frege oan in soldaat oft hy, om't hy it sa kâld hie, noch in tekken pakke mocht. Dat wie gjin probleem. Foar Schnitzer wie dit de kâns dy't hy nedich hie. Hy naaide út fia in sleat en hat him ferskûle yn in hûnehok fierderop."

Schnitzer ûnderskept Pach dy't op 'e fyts by syn boer wei komt en tegearre dûke se in skoft ûnder yn Amsterdam. Mei Menachem Levy, in oare bewenner fan de kibboets dy't op it stuit fan de oerfal der net wie, besiket dan Schnitzer yn Switserlân te kommen. Dat mislearret om't se oppakt wurde en weromstjoerd wurde troch de Switserske plysje. Levy wurdt oppakt troch de Dútsers en deportearre nei Auschwitz.

Letter besiket Schnitzer om Vichy-Frankryk binnen te kommen. Dêr wurdt hy oppakt troch de Dútsers. Nei in tocht lâns finzenissen yn Frankryk en België wurdt hy frijlitten. De falske identiteit fan Schnitzer wie oertsjûgjend. Mei troch syn yn Fryslân learde melkerskeunsten slagge it him de oarloch troch te kommen.

It slagget Pach al frij gebiet te berikken. Fia Parys, Toulouse en in tocht oer de Pyreneeën slagget it him Spanje te berikken. Dêrwei giet er nei Ingelân. In oare kibboetsbewenner, Arthur Rath, slagget it al om Switserlân te berikken. Oars as Schnitzer en Pach wurdt hy al talitten.

De filmbylden binne ûnderdiel fan de útstalling 'Oog in oog met oorlog' yn it Fries Museum. Dy soe earst 17 april iepene wurde mar moast troch de coronakrisis útsteld wurde. In wichtich ûnderdiel fan de útstalling is it ferhaal fan de kibboets. Meiwurkers fan it Fries Film Archief en it Historisch Centrum Franeker hawwe yngreven ûndersyk dien nei de bylden. Mei help fan online research binne in soad fan de minsken op de film identifisearre.

Nei mear as 80 jier binne de bylden no werom yn Fryslân. De útstalling is oant begjin septimber te besjen yn it Fries Museum. It museum kin allinnich besocht wurde mei in online reservearring.

(advertinsje)
(advertinsje)