Nijbou sporthal De Drait yn Drachten hast twa kear djoerder as tocht

02 jun 2020 - 11:18

De nijbou fan sporthal De Drait yn Drachten blykt hast twa kear djoerder te wêzen as earder tocht. Dat docht bliken út ynformaasje fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Smellingerlân. Yn 2016 is de gemeenteried akkoart gien mei in ynvestearring fan 3.340.000 euro, mar no docht nei in nije berekkening bliken dat in nijbou 6.510.000 euro kostje sil.

Sporthal de Drait - Foto: Gerwin de Vries

Neffens it kolleezje binne der fjouwer redenen foar de hegere kosten. It btw-rezjym foar sport is sûnt 2019 feroare, mei yngong fan 1 july 2020 jildt it nije boubeslút BENG (Bijna Energie Neutraal Gebouw), de oarspronklike skatting fan 2015 wie te krap en de ynrjochting fan de sporthal ûntbruts, en der is sûnt 2015 in priisstiging fan 30 persint yn de bousektor. Neffens it kolleezje is dat in stik mear as it histoaryske gemiddelde.

De bou fan de sporthal stie op it programma foar 2018. It projekt waard lykwols 'on hold' set fanwege it fersyk fan in ûndernimmer om syn winkel út te wreidzjen op it plak fan de hjoeddeiske sporthal. Dit ûndersyk hat trije jier duorre, mar it kolleezje hat gjin oanknopingspunten fûn om de ûndernimmer temjitte te kommen. It kolleezje hat derom besletten de sporthal as lossteand projekt fierder te ûntwikkelen en is dêr yn 2019 mei úteinset.

It kolleezje jout ek noch de opsjes foar renovaasje, mar ek dan falle de kosten heger út en is de libbensdoer in stik koarter. By nijbou soe de sporthal fjirtich jier meikinne. It kolleezje hat dan ek de foarkar foar dy opsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)