GrienLinks en PvdA stelle fragen oer húsfestjen asylsikers Burgum

02 jun 2020 - 10:57

De fraksjes fan GrienLinks en PvdA yn Tytsjerksteradiel hawwe skriftlik fragen steld oan it kolleezje oer it húsfestjen fan goed tsien asylsikers yn Burgum. Bewenners hawwe in koart pleit oanspand tsjin it COA, om't de nijbou dêr't se eins tiisdei hinne moatte te lyts is om genôch ôfstân fan inoar te hâlden.

It asylsikerssintrum fan Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Der ûntstie ûnrêst ûnder de asylsikers nei de útbraak fan it coronafirus by it azc yn Snits. GrienLinks en PvdA wolle witte oft de gemeente op dizze wize gjin ûnderskied makket oangeande de hanthavening fan de coronamaatregels. Ek wolle sy witte wêrom't der gjin previntive maatregels naam binne nei de útbraak yn Snits.

De fraksjes wolle ek witte hoe't it krekt sit mei de yndieling fan de húshâldens yn it nije pân en oft de bewenners dêr ek ynspraak yn hawwe moatte. Ek freegje sy harren ôf wat de attitude fan it COA is yn 'e rjochting fan de bewenners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)