Ree befrijd út stek oan de Suurdreed yn Jobbegea
De brânwacht fan Jobbegea moast tiisdeitemoan útride foar in bysûnder putsje. Oan de Suurdreed yn Jobbegea siet in ree fêst tusken de spilen fan in stek. It slagge om it bist los te krijen en de ree is yntusken wer op frije fuotten.