Kollum: "Wa binne jim?"

02 jun 2020 - 08:19

"In tiidkapsule kin fan alles wêze. In koker mei guod dat typysk is foar in beskate perioade. Of in grammofoanplaat, etst yn koper, mei goud beklaaid en fersegele yn in aluminium huls. Dy lêste fljocht yn de Voyager 2 troch de romte. Op dy plaat stean foto's, lûden fan de ierde, groetnissen yn allegear ferskillende talen en muzyk. In mikstape fan de minskheid. Se hawwe der in nulle by dien om de plaat mei ôfspylje te kinnen.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Mar in tiidkapsule kin ek in fotoalbum fan pake en beppe wêze, âld boartersguod yn in omrinwinkel of in krante út 1700, dy't efter it behang fan in âld pân wei foar 't ljocht komt. Al dy saken jouwe in byld fan in beskate tiid, fan in persoan. Sokke kapsulen binne miskien wol ynteressanter as dy gouden plaat fan de Voyager. Want op dy plaat, bedoeld om de minske mei al syn aktiviteiten sjen te litten, binne trije saken bewust bûten byld hâlden. Benammen polityk, religy en oarloch. Eventuele bûtenierdsken moasten harren net de pleuris skrikke as se de plaat fûnen, sa wie de gedachte.

Wat dat oanbelanget binne de gewoane, persoanlike kapsulen earliker. Neffens de International Time Capsule Society binne der sa'n 10- oant 15.000 tiidkapsules op ierde. Under flierren, yn muorren en yn klûzen. Allegear kokers of kistkes mei persoanlike spullen dy't in minske definiearje.

Want dat is wat sa'n kapsule docht: it twingt om nei te tinken oer wa't je binne. Om de milenniumwiksel hinne hat der ek sa'n kokerprojekt west. Ferskillende minsken fan ferskillende leeftiden hawwe doe kokers folle dy't yn 2050 iepene wurde sille. Guon fan dy minsken hawwe se in ynterview ôfnommen, en om dy ynterviews werom te lêzen is op himsels al kleare archeology.

Nim bygelyks dat fan de 20-jierrige Thomas, dy't ûnder oare in kondoom en in pûdsje mei peuken yn syn koker dien hie. 'Om't se fan dizze tiid binne,' sei er. Utsein dat hie er der in gûne út syn bertejier yn troppe, twa giro-ôfskriften om't er altyd read stie en tekstboekjes fan syn favorite cd's. Fierder foto's fan syn freondin en bêste freon. Hy hie ek in brief oan syn mem skreaun, de leafste frou fan de wrâld, dêr't er likegoed altyd rûzje mei makke en dêr't er him yn dat skriuwen foar ferûntskuldige.

Tritiger Ilonka hie lyksa in mei de hân skreaune brief yn de koker dien. In tube Weleda deikrême fanwegen har flirt mei antroposofy. In bandsje út it antwurdapparaat, folsprutsen troch freonen en opdrachtjouwers, neist in stoffen Teletubbie, symboal foar it hawwen fan bern. In foto fan har man dy't dyselde bern in boekje foarlêst. 'Ik hoopje dat der altyd heiten bliuwe dy't foarlêze,' sei se.

It ferline makket saken net allinne dúdlik, mar jout ek hâldfêst. In tiidkapsule lit sjen dat alles foarby giet, en dat wy tagelyk allegear mei-inoar ferbûn binne. Dat: wa binne jim? Wat dogge jim yn de koker? Hoe wolle jim herinnere wurde?"

(advertinsje)
(advertinsje)