Plysje fynt fiif fetten mei drugsôffal yn Kleaster-Lidlum

02 jun 2020 - 07:38

De plysje fan Noardwest-Fryslân hat moandei nei in melding drûgsôffal fûn yn it buorskip Kleaster-Lidlum by Easterbierrum. It giet om fiif fetten dy't yn in stik bosk oan de Lidlumerwei fûn binne. Ut de fetten kaam in swiete geur en alle fetten mei in ynhâld fan 200 liter it stik sieten fol. Wat der krekt yn de fetten sit, moat noch ûndersocht wurde. De brânwacht hat mei spesjale maatregels de fetten fan it plak helle.

Foto: Politie Noordwest Fryslan

De plysje fan Noardwest-Fryslân freget minsken dy't wat sjoen hawwe, om harren te melden by de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)