BurgumMobyl set wer útein mei it riden mei passazjiers

02 jun 2020 - 07:06

Twa moannen lang koe de 'BurgumMobyl' fanwege de coronamaatregels efkes gjin minsken ferfiere troch Burgum. Daalks nei't dit beslút nommen wie, kaam it bestjoer fan de op frijwilligers draaiende taksy-tsjinst mei in alternatyf: boadskippen besoargje by de lokale supermerk wei. Mar fan tiisdei ôf sille se wer gewoan ride.

BurgumMobyl - Foto: BurgumMobyl

Foarsitter Peter van de Hoef: "Helemaal gewoon beginnen is het niet, want we hebben wel maatregelen moeten treffen. Zo is er een plastic scherm aangebracht tussen de voor- en achterzijde van de auto. Passagiers worden alleen achterin vervoerd, dus zo is er geen contact tussen passagiers en de chauffeur. Daarmee denken we dat we de RIVM-regels goed ingevuld hebben."

Knipkaart

Ek nei de rit moat der noch it ien en oar barre. "Na het verlaten gaan we de auto iedere keer schoonmaken, 's avonds doen we dat ook nog eens grondig. En we hebben besloten te stoppen met het betalen met contant geld. We kiezen ervoor om de ouderwetse knipkaart weer in te voeten. Dat gaat heel mooi en we zijn blij met de samenwerking met drie lokale supermarkten die ze ook verkopen."

Risikogroep

De BurgumMobyl rydt benammen foar minsken mei in fysike beheining, yn de praktyk faak minsken dy't mei in rollator rinne. Mei de BurgumMobyl kinne sy yn Burgum earne hinne riden wurde. Der sil foarearst mei ien wein úteinset wurde. Ek om't it tal reservearringen wer op gong komme moat. "Maar ook omdat niet alle chauffeurs het nog willen. Velen behoren tot de risicogroep en de een is gezonder dan de ander. Dus sommigen willen even niet ingeroosterd worden, daar hebben we respect voor."

Fan de ôfdielingen fan de Rotary en Lions hat de mobyl in donaasje krigen. "Daarom is het vandaag een extra feestelijke opening. We hebben de laatste tijd minder ontvangen, maar dat wordt ruimschoots gecompenseerd door deze bijdrage."

Foarsitter Peter van de Hoef fan de BurgumMobyl

(advertinsje)
(advertinsje)