Filmbylden opdûkt fan kibboets yn Frjentsjer

02 jun 2020 - 08:00

Der binne filmbylden opdûkt fan de kibboets fan Frjentsjer. De kibboets siet yn it âlde stasjonsgebou oan de Harnzerwei 45 oan de râne fan de stêd. Jonge sionisten rieden harren dêr ta op emigraasje nei Palestina. De bylden binne makke troch Jacob Bramson. Hy wie de twadde genêshear fan it psychiatrysk sikehûs Groot Lankum en oprjochter fan de kibboets. Hy is nei de oarloch emigrearre nei Israel en hat de filmkes dêr oerdroegen oan it Yad Vashem Holocaust Remembrance Center.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

De bylden binne makke tusken 1937 en 1939. Bramson hat in soad fan de bewenners yn byld brocht, mar ek it libben dêrbûten. Sa is te sjen hoe't der wurke wurdt by de boeren en by in túnker yn de omjouwing. It filmke jout in moai ynsjoch yn it libben op de kibboets. Fryslân wie in goed plak om har dêr op ta te rieden. It boerelibben wie hjir, krekt as yn Palestina, bikkelhurd.

Oer de kibboets yn Frjentsjer is bûten de stêd net in soad bekend. Skoftenlang is der kwealik oer praat. De âld-stedsargivaris Gerard van der Heide wie hast de iennige dy't him dêr mei dwaande hâlde. Hy die jierrenlang ûndersyk nei de kibboets en de bewenners. Hy hat ek in persoanlike bân. "Myn mem hat dêr wurke, yn de húshâlding. Se wie goed befreone mei ien fan de bewenners. Myn pake kaam der ek wol. Dan bouwe je wol in bepaalde freonskip op."

It ûntstean fan de kibboets

Yn 1934 waard de kibboets oprjochte troch Jacob Bramson en Wolf Tempel, in fee-ûnderwizer út Ommen. Tempel kaam nei Frjentsjer om te sjen oft it mooglik wie om dêr in Joadske lânbouskoalle te begjinnen. Hy begûn op it Noarderbolwurk. Dêr waard earst in gebou hierd. Om't der mear studinten kamen, waard socht om in oare lokaasje. It stasjonsgebou oan de Harnzerwei stie leech nei't it spoar rjochting Tsjummearum fuorthelle wie. It gebou waard ferhierd en ynrjochte as kibboets en lânbouskoalle.

Goed tachtich studinten

De Frjentsjerters hiene al muoite mei de bewenners fan de kibboets, seit Van der Heide. "Se hiene wat in aparte libbensstyl. Dat paste net sa goed yn it frij konservative Frjentsjer fan dy tiid. Se wiene yn de stêd wat tsjin it flamboyante en humoristyske libben fan de studinten." It wie foar de studinten dan ek goed dat se flak bûten de stêd sieten, bûten it sicht, sa tinkt Van der Heide.

Troch de jierren hinne ha der sa'n tachtich studinten wenne en wurke. Foar safier bekend is de helte echt emigrearre nei Palestina om dêr in nij bestean op te bouwen.

Op ûnder oare dizze pleats waard staazje rûn troch bewenners fan de kibboets. - Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

De bylden fan de kibboets hawwe grutte histoaryske wearde, seit Syds Wiersma fan it Fries Film Archief. Doe't bekend wie dat it libben dêr filme wie, hat er drok dwaande west de bylden hjir te krijen. It Yad Vashem Holocaust Center joech dêrfoar earder dit jier tastimming. Mei help fan al it ûndersyk fan Van der Heide is it slagge in soad fan de bewenners dy't yn byld binne te identifisearjen.

"Dit jout in moai ynsjoch fan it Joadske libben yn Fryslân dêr't hast net ien wat fan wit. It wie in apart soart libben dêr yn Frjentsjer", seit Wiersma. Der wiene net allinnich Nederlânske joaden en sionisten, mar ek bûtenlanners. "Dat wiene flechtlingen. Dat makke it ta in oare Joadske mienskip hjir, wis ast it fergelikest mei de filmbylden fan de Joadske Brulloft. Dêr sjogge je in mienskip dy't woartele is yn Fryslân. Yn Frjentsjer siet in groep dy't hjir kaam foar it ûnderwiis. Sy wiene net yntegrearre yn de stêd."

Wiersma tinkt dat dat der ek foar soarge hat dat de groep al frij gau yn de oarloch oppakt is. Yn novimber 1941 waard in ynfal dien troch Dútske soldaten. Ien slagge deryn te ûntsnappen, de rest waard oerbrocht nei finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Dêrwei waard de groep letter op transport set nei kamp Westerbork. Wis fjouwer fan har moasten mei op it earste transport nei ferneatigingskamp Auschwitz.

Syds Wiersma fan it Fries Film Archief

De filmbylden binne ûnderdiel fan de útstalling 'Oog in oog met oorlog' yn it Fries Museum. Dy soe earst 17 april iepene wurde mar moast troch de coronakrisis útsteld wurde. In belangryk ûnderdiel fan de útstalling is it ferhaal fan de kibboets. Meiwurkers fan it Fries Film Archief en it Historisch Centrum Franeker ha yngreven ûndersyk dien nei de bylden. Mei help fan online research binne in soad fan de minsken op de film identifisearre. Nei mear as tachtich jier binne de bylden no werom yn Fryslân. De útstalling is oant begjin septimber te besjen yn it Fries Museum. It museum kin allinnich besocht wurde mei in online reservearring.

(advertinsje)
(advertinsje)