Ljouwerter kafee sletten fanwege fjochtpartij en tefolle minsken byinoar

02 jun 2020 - 06:32

In kafee oan de Hoekstersingel yn Ljouwert is moandeitejûn ûntromme. Der wiene te folle minsken binnen en op it terras en earder op de jûn hie der ek al in fjochtpartij west.

Foto: Kappers Media

Boargemaster Sybrand Buma hat yn syn rol as foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân besletten dat kafee Blauwhuis ticht moast. Dat bliuwt sa oant de eigener in plan fan oanpak yntsjinne hat om him tenei oan de coronamaatregels te hâlden.

By de ûntromming wie in soad plysje. De ûntromming ferrûn rêstich.

(advertinsje)
(advertinsje)