Undersyk nei saak wapenhannel Easterwâlde noch lang net klear

02 jun 2020 - 06:04

Sân fan de tsien fertochten dy't ein febrewaris oanhâlden binne foar ûnder oare drugs- en wapenhannel steane tiisdei foar it earst foar de rjochter. By in ynfal yn in kringloopwinkel yn Easterwâlde en in oanhâlding yn Drachten waarden wapens, eksplosiven en drugs fûn. It giet tiisdei om in saneamde pro forma sitting. Hjir wurdt besjoen oft der noch ûndersykswinsken binne en wurdt praat oer ferlinging fan it foararrest fan de fertochten. Hendrik van der H. fan Easterwâlde wurdt troch justysje sjoen as de haadfertochte yn de saak.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It Iepenbier Ministearje beskuldiget de haadfertochte fan wapenhannel, oplichting en besykjen ta deaslach. Fierder soe hy him skuldich makke ha oan mishanneling, minskehannel en it besit fan fjoerwapens en munysje. Van der H. is neffens it IM lieder fan in binde. Dy waard op 27 febrewaris oprôle nei in grutte plysje-aksje. By in arrestaasje yn Drachten waard in 43-jierrige ynwenner fan Marum yn syn skonk sjitten. Dat barde by in wapendeal dy't nei alle gedachten troch de plysje yn sêne setten is.

Kalasjnikovs en hânfjoerwapens

Op santjin plakken yn Noard-Nederlân ha dêrnei trochsikingen west. Dêrby waarden trije Kalasjnikovs en meardere hânfjoerwapens fûn. Ek waard in bulte munysje fan ferskate kalibers, kilo's syntetyske drugs, swiere eksplosiven, kapmessen, springstoffen, soeren, krûd en honkbalkneppels oantroffen.

Hokker ûndersykswinsken bepraat wurde, wit advokaat Sonny Jansen fan de haadfertochte noch net. It dossier is neffens him noch lang net folslein. "Er wordt verwezen naar tapgesprekken, afgeluisterde telefoongesprekken. Die zitten er dan niet bij. Ik mis zo wel meer stukken."

Foto: Omrop Fryslân

Acht fan de tsien fertochten sitte noch fêst. De ienichste frou yn it selskip, in 38-jierrige ynwenster fan Grins, is earder frijlitten. Ek in man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak mocht de sel ferlitte. Wat harren rol yn it gehiel is, wol it IM net sizze. Boarnen om de fertochten hinne sizze dat it giet om ferslaafde minsken dy't yn ruil foar kokaïne 'putsjes' diene, lykas drugstransporten of prostitúsje.

Earder feroardiele

De plysje giet der fanút dat de kringloophal yn Easterwâlde it haadkertier fan de organisaasje wie. De haadfertochte Van der H. hie de winkel hierd. Hy waard dêr mei in ynwenner fan Hoogeveen oanhâlden. Beide manlju binne gjin ûnbekenden fan de plysje. It duo is alris feroardiele foar heling. Van der H. wie ek belutsen by de Tsjûkemarmoardsaak. Hy holp dêr by it ferbrânen fan it lichem.

Yn april waard ek bekend dat de binde bannen hie mei de organisearre misdied yn Antwerpen. Ut ôflústere petearen yn 'e wente fan ien fan de Belgyske haadfertochten waard dúdlik dat de eksplosiven en wapens út Noard-Nederlân kamen. Neffens in wurdfierder fan it IM stean beide saken los fan inoar. Der waard neffens de wurdfierder al langer ûndersyk dien nei Van der H.

(Advertinsje)
(Advertinsje)