Coronakrisis sil Fryske wurknimmers hurd treffe, blykt út ûndersyk CNV

Wurknimmers yn Fryslân en Grinslân ferwachtsje in hurde ekonomyske klap troch de coronakrisis. Dat docht bliken út in peiling fan fakbûn CNV ûnder fjouwertûzen wurknimmers yn it noarden.
CNV-ûndersyk: coronakrisis sil Fryske wurknimmers hurd treffe
Mar leafst 36 persint fan de ûnderfrege wurknimmers is benaud om wurkleas te wurden as gefolch fan de coronakrisis. Likefolle minsken tinke dat it in toer wurde sil om oar wurk te finen, as se harren baan kwytreitsje. CNV-foarsitter Piet Fortuin út Drachten skrikt fan dy sifers. "Fryslân en Grinslân hawwe it lytste oantal coronagefallen, mar wurde hurd troffen troch de ekonomyske gefolgen fan de krisis", seit Fortuin.

Oprinnende wurkleazens

De CNV-foarsitter hâldt der rekken mei dat de wurkleazens yn de rin fan dit jier wol oprinne kin oant de acht oant njoggen persint, trije kear safolle as no. In soad banen wurde op dit stuit noch oerein hâlden troch de stipepakketten fan de Ryksoerheid. Op it stuit dat dy stipe weromrint, sil de wurkleasheid hurd tanimme, tinkt Fortuin. As de wurkleasheid echt sa heech wurdt, dan it dat neffens Fortuin 'in mokerslach'.
De ekonomyske struktuer yn Fryslân is neffens Fortuin noch hieltiten kwetsber troch de grutte ôfhinklikheid fan yndustry, hoareka en toerisme en rekreaasje. "De lêste sektor begjin hiel foarsichtich wer in bytsje op gong te kommen, mar hat fansels in geweldige tik hân dizze maitiid." Fryslân moat neffens Fortuin foaral trochgean mei it fersterkjen fan ynnovaasje en it fierder ûntwikkeljen fan it eigen midden- en lytsbedriuw. It CNV is fierder ek in grut foarstanner fan de Lelylijn mei in stasjon yn Drachten foar fluch en goed iepenbier ferfier nei de Rânestêd, Grins en Dútslân.
Ut it CNV-ûndersyk docht ek bliken dat de measte ûnderfrege Friezen wol witte wat se dwaan moatte as se harren baan kwytreitsje. 64 persint wyt wat se dwaan moatte as se in ûntslachbrief krije en mar leafst 80 persint wyt wat hy of sy dwaan moat om op syk te gean nei oar wurk. "Dy selsredsumens is moai", seit Fortuin hjir oer.

"Tink om eigen takomst"

De CNV-foarsitter riedt wurknimmers oan om ek oer de eigen takomst nei te tinken foardat se mooglik ûntslein wurde. "Wachtsje net ôf oant de ûntslachbrief op de matte leit", is it advys fan Fortuin. "Mar besykje ek breder te sjen nei sektoaren dêr't noch folop wurk is, lykas de soarch, en tink nei oer om- of byskoalling." It CNV sil dêr bot op oanstean by sosjale plannen en wol dêr ek aktyf mei oan de slach. "Stimulearje dat minsken fan wurk nei wurk kinne is belangryk."
CNV-foarsitter Piet Fortuin