Musea yn 'e provinsje wer iepen, mar frijwilligerstekoart obstakel

01 jun 2020 - 20:15

Ek de musea yn Fryslân iepenen moandei wer de doarren. Foar in soad Fryske musea keallet dat swier, om't der in tekoart is oan frijwilligers troch it coronafirus. Museum Belvédère op It Hearrenfean is ek wer iepen en kin alles mar krekt rûn krije, mar dat jildt net foar alle musea.

Museum Belvédère hjit besikers op in spesjale wize wolkom. In paad mei 299 klompen fan keunstner Ids Willemsma liedt se nei de yngong. Willemsma hat al dy jierren syn ôfdroegen klompen bewarre. "Ik wol it museum in hert ûnder de riem stekke, ik bin wiis mei it museum. Ik hoopje dat der gau wer in soad minsken komme en dat de keunst en kultuer wer op gong komt, want it is in deade boel sa."

Frijwilligers

De frijwilligers binne hiel wichtich foar it museum. Der binne in oantal dy't net komme yn ferbân mei in kwetsbere sûnens, mar der binne noch genôch om it museum draaiende te hâlden. Dat jildt net foar elk museum yn Fryslân, sa lit Lisette Zwerver fan Museumfederatie Fryslân witte. Sa'n 50 fan de 74 musea dy't oansluten binne by de federaasje binne moandei iepen gien en yn de rin fan de wike folgje der noch ris fyftjin.

"Der binne musea dy't harren iepeningstiden oanpasse en bygelyks mar trije dagen of in oantal middeis yn de wike iepen binne om't se net genôch frijwilligers hawwe." Se docht dan ek in oprop oan minsken dy't it aardich liket om as frijwilliger yn in musea aktyf te wêzen harren oan te melden.

Lisette Zwerver fan Museumfederatie Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)