It Noarderleech ferdrûget, It Fryske Gea grypt yn

01 jun 2020 - 21:02

Hiel Fryslân wrakselet mei drûchte, mar yn it Noarderleech sit It Fryske Gea mei in noch grutter probleem. Sy kinne ûnmooglik wetter oanfiere omdat it om bûtendykse gebieten giet. It iennige wetter dat wol beskikber is, is sâlt. En dat is min nijs foar greide- en kustfûgels.

It Noarderleech ferdrûget; it Fryske Gea grypt yn

It ferskil mei hoefolle wetter der ôfrûne winter stie, is hiel grut, sa seit distriktshaad Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea. "Hjirachter sjogge wy in plaske, dat is hielendal ferdampt en yndrûge. Fan 't winter stie it dêr oan de kop ta fol mei wetter en streamde it wetter dêrwei sels ôf yn allegearre ôfwetteringen nei de Waadsee."

Trochdat it oeral sa drûch is, bliuwe de grutte tallen briedende fûgels ek út op guon lokaasjes. Hielendal leech is it net, mar der sitte folle minder spantsjes skries, ljip, tjirk en klút. Dy binne nei plakken ta gong dêr't it noch wat wieter is.

It wetter wat der no noch is ferdampt op it Noarderleech - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Foar it fee fan de pachters binne earder alris wetterliedingen oanlein nei de drinkbakken, mar dêr hawwe de fûgels net it measte oan. "It wetter is krúsjaal foar de fûgels", sa seit Jongsma. Net allinnich om te drinken, mar ek om fretten te sammeljen. Op en by it wetter binne folle mear ynsekten te finen.

Oplossingen

De problemen fan dit jier binne allinnich te ferhelpen troch in soad rein. Foar takom jier leit dat oars. De fûnsewerver fan It Fryske Gea hat genôch jild foar greidefûgels ynsammele om it wettersysteem yn it Noarderleech sa oan te passen dat it wetter dat der falt, better fêsthâlden wurdt. Dat wurk set fan 't simmer nei de briedtiid útein.

De wite râne yn dizze dûker jout oan hoe heech oft it wetter earder stie - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)