Fertocht objekt yn Ljouwert is stik fjoerwurk, plysje siket eigeners

01 jun 2020 - 15:43

De plysje yn Ljouwert hat moandeitemiddei in part fan de Oldegalileën ôfsletten. Der waard in fertocht objekt fûn, dat letter as in stik fjoerwurk identifisearre waard. De eksplosive oprommingstsjinst (EOD) en de forinsyske opspoaring waarden oproppen en hawwe ûndersyk dien.

Foto: ProNews

It stik fjoerwurk is der nei alle gedachten dellein. De plysje is noch op syn nei dejingen dy't dat dien hawwe.

De strjitte yn Ljouwert wie in skoft ôfsletten. Al gau waard lykwols dúdlik dat der gjin direkt gefaar foar de omjouwing wie.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)